Marije Louise fan Hessen-Kassel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ferw.
Rigel 5:
Maria Louise wie de dochter fan [[Karel Loadewyk fan Hessen-Kassel|Karel Loadewyk]] en [[Maria Anna fan Koerlân|Maria Anna]]. Sy boaske op [[24 april]] [[1709]] yn Kassel mei [[Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz|Johan Willem Friso]] (1687–1711) foarst fan Nassau-Dietz, sûnt 1702 ek foarst fan Oranje en [[steedhâlder]] fan Fryslân en Grinslân.
 
Nei it iere ferstjerren fan har man [[Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz|Johan Willem Friso]], yn [[1711]], naam hja by de minderjierrichheid fan syn postúm berne soan, [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]], it steedhâlderskip fan Fryslân, Grinslân en Drinte op har. (oant 1731). Yn 1730 liet hja foar harsels it bûtenferbliuw [[MarienburgMariënburch]] bouwe. Hja bewenne it [[Princessehof]], in stedspaleis dat yn 1731 oankocht wie. Maria Louise hie in wichtige porsleinkolleksje. Tsjintwurdich sit yn it Princessehof it nasjonaal [[keramyk]]museum.
 
Yn 1734 boaske har soan mei Anna fan Hannover, dêr't se net goed mei oerwei koe. Yn 1747 waard Willem IV ek steedhâlder fan de oare gewesten fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]]. Doe't hy yn 1751 ferstoar, wie syn soan [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]] noch mar trije jier âld. Marijke Meu naam it regintskip oer fan har skoandochter, [[Anna fan Hannover]], dy't yn [[1759]] ferstoar.