Gerrit Breteler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gerrit Breteler Anne-Goaitske 2 jr..jpg|thumb|150px|right|''Anne Goaitske'']]
'''Gerrit Breteler''' ([[Ynskedee]], [[1954]]), is in [[keunstskilder]], tekstdichter en sjonger.
 
Hy is de soan fan in Fryske mem en in Hollânske heit en groeide op yn Ynskedee. Breteler ferfear yn [[1967]] nei [[Hurdegaryp]]. In befrijing foar Gerrit Breteler. Yn Ynskedee fielde er him nea thús, de earste maonnen hie er it gefoel dat er fakânsje hie. Gerrit studearre yn [[1975]] ôf oan de Vredeman de Vries Keunstakadeemy. Dêr lei er him ta op de techniken fan de masters út de Goudene ieu, dêr’t er troch fassinearre wie. Breteler neamt him nei lang tinken úteinlik in romantysk realist. Syn skilderijen wolle pikturale lekkernijen wêze. It giet him net om in realistyske werjefte, mar om sýn werjefte fan de realiteit. Fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] krige er doe de [[Drompelpriis]] foar bêste studint. Foar syn bestean wurke er doe in tal dagen wyks as kreatyf terapeut oan it psychiatrysk sikehûs. Yn dy jierren helle er ek it foech om les te jaan.