Gerrit Breteler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 13:
== Foarstellings ==
=== Moortje ===
Breteler ferfryske en bewurke it toanielstik ''Moortje'', fan de toanielskriuwer [[[[Gerbrand Adriaensz. Bredero|G.A. Bredero]]]]. It yn it hjoeddeiske Fryslân spyljende blijspul waard yn [[2004]] opfierd yn [[Dokkum]].
 
=== Katarsis ===
Sûnt 2007 giet it kroechteaterstik 'Katarsis' de kroegen yn Fryslân del. Al mear as 160 foarstellings binne der spile. Bretelers styl is dúdlik te werkennen: alles op rym. Syn foarstelling Katarsis rûn hast in jier mei in soad súkses yn kafee De Bûnte Bok yn [[Ljussens]]. Syn frou Anke Bylsma en Gerrit Haaksma, kroechbaas fan it kafee spilen de foarstelling. Alderhande markante personaazjes dy’t it kafee oandogge hâlde elkoar en it publyk in spegel foar hoe’t feroarings op maatskiplik, etysk en estetysk mêd in minske (mis)foarmje kinne. It stik hat in dúdlike boadskip: as in minske syn woartels net hoedet en noedet, wat bliuwt der dan fan syn wêzen oer..