Gerrit Breteler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanf.
ferw.
Rigel 2:
'''Gerrit Breteler''' ([[Ynskedee]], [[1954]]), is in [[keunstskilder]], tekstdichter, toanielskriuwer en sjonger.
 
Hy is de soan fan in Fryske mem en in Hollânske heit en groeide op yn [[Ynskedee]]. It ferfarren fan de húshâlding yn [[1967]] nei [[Hurdegaryp]] fielde as in befrijing foar Gerrit. Yn Ynskedee fielde er him nea thús, de earste moannen hie er it gefoel oft er fakânsje hie. Hy studearre yn [[1975]] ôf oan de Vredeman de Vries Keunstakademy. Dêr lei er him ta op de techniken fan de masters út de Goudene ieu, dêr’t er troch fassinearre wie. Yn de jierren santich en tachtich is der binnen de keunstoplieding net in soad wurdearring foar it tradysjonele ambacht. Gerrit moat dan ek nei museums om kennis te garjen. Syn skilderijen wolle pikturale lekkernijen wêze. It giet him net om in realistyske werjefte, mar om sýn werjefte fan de realiteit. Breteler neamt him nei lang tinken úteinlik in romantysk realist. Fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] krige er doe de [[Drompelpriis]] foar bêste studint. Foar syn bestean wurke er doe in tal dagen wyks as kreatyf terapeut oan it psychiatrysk sikehûs. Yn dy jierren helle er ek it foech om les te jaan.
Breteler wennet mei [[Anke Bijlsma]] en desyn twa bern Anne-Goaitske en Hylke, harren hynders, hinnen en hûnen op in grutte kop-hals-romppleats tusken [[Nes (Dongeradiel)|Nes]] en [[Easternijtsjerk]]. Syn passy's binne muzyk, skilderjen en skriuwen. Hy treedt regelmjittich op mei lieten en foardrachten. Dat er syn stikken op rym makket docht er foar de kadâns. De lêste tiid hâldt er him lykwols hieltyd mear dwaande mei tekst. Hy wurket ien moantiid wyks oan it Sintrum foar Keunstsinnige Foarming Meldij/Karwei yn [[Drachten]].
== Skilderje ==
[[Ofbyld:Gerrit Breteler Dame neaken.jpg|thumb|150px|right|''Dame neaken'']]
Breteler skildert yn de tradysje fan de [[17e ieu]]ske Hollânske masters, hy hat net folle mei abstrakte keunst. Hy hat ûnder oaren portretten fan [[Gerard Reve]], [[Gunnar Daan]] en [[Roel Oostra]] skildere, mar ek in soad hynders. Yn [[1994]] hie er in eksposysje yn [[Drachten]]: ''Sân Stikken foar de Hear'' dêr't syn grifformeard komôf út nei foaren komt. Yn 2006 hat er in eksposysje yn museum ''[[It Admiraliteitshûs]]'' yn Dokkum. Breteler eksposearre as byldzjend keunstner ek yn [[Dútslân]], [[Frankryk]] en [[Ingelân]].
 
== Muzyk ==
Rigel 19:
 
=== Kredo Quia Absurdum ===
Mei [[Etikus|etika]] dûmny Yvonne Hiemstra brocht er yn Fryske tsjerken it teaterprogramma Kredo Quia Absurdum. In muzyk- en fertelfoarstelling wêrby't God ter sprake komt yn de striid tsjin de ferflakking yn de maatskippij. Mei de tema's 'Doe’t God ferdwûn út Jorwert' en 'It druvehôf fan Naboth' wurde de minsken oan it tinken setten yn in ôfwikseling fan sang en foardracht. it Kredo Quia Absurdum pretendearret fernijing te bringen op it snijflak fan keunst, religy, kultuer en filosofy, mei respekt foar wat wie en ea bestie. De reade tried yn de foarstelling is leauwe, leafde en fergonklikheid.
 
=== Opus Exit ===