Frank Lloyd Wright: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat. oanpast
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: lmo:Frank Lloyd Wright; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Frank Lloyd Wright NYWTS 3.jpg|thumb|right|200px|Frank Lloyd Wright]]
'''Frank Lloyd Wright''' ([[8 juny]] [[1867]] [[9 april]] [[1959]]) wie in Amerikaansk arsjitekt.
 
Syn heit, William Russel Cary Wright, kaam út in Ingelske famylje dy’t har yn [[New Ingelân]] yn [[Feriene Steaten|Amearika]] festige. Hy studearre rjochten mar fertsjinne syn brea as muzyklearaar. Hy troude mei Permillia Holcomb, en hja krigen trije bern. Doe’t Permilia yn [[1864]] ferstoar ferliet William Wright syn bern en gie hy reizgjen.
 
In skoftke letter moete hy Anna Lloyd Wright, op in muzykfestival. It leeftydsferskil makke neat út. Se trouden en krigen Frank Lloyd Wright. Anna ûntduts it [[Froebel]] Kindergarten konsept. Dit wie in nije benadering om bern op te fieden. It like derop dat Anna al beslist hie dat har soan arsjitekt wurde soe. Dizze manier fan edukaasje slute dêr perfekt by oan. Der wie sa'n beukerskoalle yn [[Boston]], mar it wie foar in beuker net mooglik om alle dagen op en del te reizgjen. Derom kocht Anna de spullen dy’t nedich wienen en joech Frank thús les.
 
De Froebel benadering hâldt yn dat bern oanmoedige wurde om te boartsjen. Hjirby wurdt harren spul omfoarme ta it werkennen en wurdearjen fan natuerlike objekten. De bern krije boartersguod as wienen it geskinken. Mar it boartersguod hat hiele simpele foarmen en gewoane kleuren. Der kin op ferskeidene manieren mei it boartersguod boarte wurde. Faaks begjint men mei twadiminsjonale foarmen en letter trijediminsjonale foarmen dêr't patroanen en struktueren mei oanmakke wurde. De bern wurde fansels oanmoedige om harren fantasy te brûken. Mei dizze metoade wurde de bern oanleard dat de simpelste geometryske foarmen de basis binne foar alle foarmen en dingen.
Rigel 18:
Yn de hjerst fan [[1887]] hearde hy oer in fakatuere by [[Adler en Sullivan]] en Wright sollisitearre foar de baan fan tekener. Wright wurke ferskeidende nachten troch om in searje tekeningen út te kiezen dy’t hy Sullivan sjen litte soe. Guon fan de tekeningen wienen ferwurkingen fan Sillsbee’s tekeningen. Wright hat de baan krigen en syn earste lean wie 25 dollar yn 'e wike. Sullivan hie as partner Dankmar Adler dy’t mear ferantwurdlik wie foar de saaklike kant en de boekhâlding fan de saak. Doe't Wright oannaam wie kaam in opdracht binnen foar it meitsjen fan in Auditoarium yn Sjikako. Doe't it auditoarium klear wie ferhuze it kantoar nei de boppeste ferdjipping fan in kantoargebou. Dêr krige Wright in katoar nêst dat fan Sullivan en it wie like grut. Wright makke ferskriklik hurd karriêre. Fan boukundich tekener oant sawat de partner fan de firma.
 
By it bouwen fan de [[wrâldtentoanstelling]] en ek dêrnei gie Wright sa no en dan sjen. Fan alle wênstige opstelde tentoanstikken wienen der twa dy’t grutte yndruk op Wright makken. De [[Kolombia|kolombiaanske]] rekonstruksje fan in [[Maya]] kleaster en in neimaak fan in [[Japan|Japanske]]ske timpel. Dizze timpel wie de earste yntroduksje op grutte skaal yn Amearika fan de Japanske keunst.
 
Letter is hiel dúdlik wurden dat hy in soad ynfloeden brûkte út de Japanske arsjitektuer. Mar Wright sei altyd dat dit net sa wie.
== Oersicht fan syn wichtigste untwerpen ==
[[ImageOfbyld:FallingwaterWright.jpg|thumb|right|200px|Fallingwater]]
Under mear:
* it [[William H. Winslow House]], River Forest, Illinois, 1893-1894
Rigel 41:
* [http://www.pbs.org/flw/buildings/imperial/imperial.html Imperial Hotel]
* [http://images.google.nl/images?q=robie+house+chicago&hl=nl&lr=&rls=GGGL,GGGL:2006-41,GGGL:nl&sa=X&oi=images&ct=title Robie House]
* [http://www.achome.co.uk/biographies/biographies.htm Frank Lloyd Wright] - Biography, Arts & Crafts Home
* [http://www.delmars.com/wright/flw8-2.htm William H. Winslow House]
* [http://www.oprf.com/unity/ Unity Temple]
Rigel 89:
[[la:Franciscus Lloyd Wright]]
[[lb:Frank Lloyd Wright]]
[[lmo:Frank Lloyd Wright]]
[[lt:Frank Lloyd Wright]]
[[ml:ഫ്രാങ്ക് ലോയ്ഡ് റൈറ്റ്]]