Pelota: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: zh-yue:回力球
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: cs:Pelota; tekstwiziging
Rigel 3:
De lêste jierren binne der inisjativen om, foar it ûntwikkeljen fan mear ynternasjonale kompetysje, te kommen ta in beheind tal foarmen mei likense regels en materiaal.
 
== Baskysk Pelota ==
[[ImageOfbyld:Ustaritz_Fronton_Pala.jpg|thumb|Fronton libre yn Ustaritz]]It spul wurdt spile mei hurde massive gummyballen. Dêrby wurdt de bal mei de bleate han (''Pelota mano'') as mei in helpmiddel yn ien-tsjin-ien as mei meardere spilers ôfwikseljend tsjin de frontmuorre slein. Der binne fjouwer baantypes: it [[fronton libre]] (ien frijsteande muorre), it [[trinket]] (4 muorren, mei links in soarte fan ôfdakje), in fronton mei in linker muorre ("la mur á gauche", 2 as 3 muorren) en de Jai-alai baan (3 muorren). Troch de kombinaasje fan de baan en de brûkte helpmiddels binne der 22 farianten yn it Baskysk spul te beneamen. Dat oantal is feitlik noch grutter omdat de grutte fan de teams ek noch fariearet. De telling liket in soad op dy fan it Fryske keatsspul en tennis. Yn 'e regel wint it partoer dat as earste 22 punten hellet.
 
De "want" by it Pelota hat him yn ferskillende regio's ferskillend ûntwikkele. Fan in ienfâldich slachhout (''Pala''), fia in racket nei de meast ekstreme foarm, de Cesta, in flochten healrûne ferlinging fan de earm wêryn de bal opfongen wurdt en yn deselde beweging mei hege snelheid wer nei de muorre slingere wurdt. Mei dat materiaal is yn Amearika it saneamde [[Jai-alai]] ûnstien, de [[balsport]] wêrby de ballen de heechste snelheid helje (oant boppe de 300km yn it oere).
 
== Falensiaansk Pelota ==
It meast kenmerkjende oan it Falensiaansk ''pilota'' is dat it altyd spile wurdt mei de bleate hân (dy 't lykwols wol mei plakteep mei dêrûnder tinne stikjes karton, hout as metaal beskerme wurdt.) Oer it algemien wurdt der ek net tsjin in muorre spile mar lykas by it spul yn it âlde [[Grikelân]] en it tsjintwurdige [[tennis]] steane de spilers tsjin inoar oer, wêrby it fjild opdield is troch in line of in net. In oar yn it each rinnend detail is dat de taskôgers har yn it fjild befine.
 
Rigel 24:
[[ca:Pilota basca]]
[[cy:Pilota]]
[[cs:Pelota baskická]]
[[da:Pelota]]
[[de:Pelota]]