Jakobus Arminius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa earst mar, fan nl.
fw's, tikflaterkes
Rigel 4:
== Libben en wurk ==
===Studint en predikant===
Doe't Japik berne waard, wie syn heit, dy't wapensmid wie, al ferstoarn. Jacobus Arminius wardwaard grutbrocht troch [[Theodorus Aemilius]], in pryster mei [[protestant]]ske sympatyen. Om [[1572]] hinne (it jier dat Oudewater ferôvere waard troch de opstannelingen) ferhuze Arminius mei Aemilius nei [[Utert (stêd)|Utert]]. It hat alle wierskyn dat Arminius dêr oan de "Hieronymusschool" studearre. Neidat Aemilius yn [[1574]] of [[1575]] stoar, kaam Arminius yn'e kunde mei de [[wiskunde|wiskundige]] [[Rudolph Snell|Rudolphus Snellius]], dy't ek fan Oudewater kaam. Snellius liet Arminius studearje yn [[Marburch]] dêr't Snellius heechlearaar wie. Yn [[1576]] liet Arminius him ynskriuwe as studint [[Sân frije keunsten|frije keunsten]] en [[teology]] oan de (krekt oprjochte) [[Universiteit fan Leien]]. Yn syn stúdzje rûn er der sa út, dat er fan it kramers[[gilde]] fan [[Amsterdam]] in beurs krige om fierder te learen yn [[Genêve]]. Arminius studearre dêr ûnder de opfolger fan [[Jehannes Kalvyn]], [[Theodorus Beza]]. Nei syn stúdzje yn Genêve (mei in pear semesters yn Basel), reizge er yn [[1586]] nei [[Itaalje]]. Yn [[1587]] waard er beroppen as predikant yn Amsterdam.
 
Yn [[1588]] waard Arminius befêstige as predikant fan de "Oude Kerk". Yn Amsterdam troude Arminius yn [[1590]] mei Lijsbet Reael (1569-1648). Fan [[1591]] ôf waard Arminius oanfallen troch syn kollega-predikant [[Petrus Plancius]], út reen fan Arminius' frije útlis fan de [[predestinaasje]] (godlike útferkiezing). Yn [[1593]] waard huarren skeel delbêde.
 
=== It skeel mei Gomarus===
Yn [[1603]] waard Arminius heechlearaar teology te Leien. Syn kollega-heechlearaar en promotor [[Franciscus Gomarus]] tekene dêr fûl protest tsjinoan. Yn [[1604]], kaam it ta in konflikt, dat draaide om de [[rjochtfeardigenslear]] en it dêr ek mei te dwaan hawwende [[predestinaasje|predestinaasjelear]]. Foar Arminius wie it leauwe fan de minske oant beskate hichte in betingst foar it fermoedsoenjend oardiel fan God, dêr't Erer de minske rjochtfeardich yn ferklearret. Allinne it leauwe is net genôch, mar wol in needsaaklik betingst foar God syn ferjouwing. Foar Gomarus wie de rol fan it leauwe suver ynstruminteel: it wie de troch de Geast geande makke oanfurdiging troch in minske fan Gods rjochtfeardigjend oardiel. At Gods ferjouwing yn alle opsichten oan it leauwe foarôfgiet (sa't Gomarus tocht), dan is it in logyske neifolgjende stap om dêrby te ûnderstreekjen: dit oardiel en it beslút om in mins dêryn leauwe te litten binne net iens by God opkaam, mar foarmje syn ferkiezing fan ivichheid. At men (mei Arminius) de frije kar foar it leauwe ûnderstreket, moat men Gods ivich riedsbeslút ek mei ôfhinklik fan dizze minslike kar opfetsje. Sa komt men fan de rjochtfeardigenslearjochtfeardigenslear hast fansels by de predestinaasjelear. Dizze ferskowing yn de diskusje tusken arminianen en gomaristen is yndie bard. De Amsterdamske predikant Plancius bemuoide him dermei en keas foar Gomarus. Al rillegau helle it religieuske skeel oan ta in nasjonale, politike striid. Yn [[1607]] waard in kommisje ynsteld dy't it konflikt besjochtsjebesljochtsje moast. Dochs duorre it oant [[1618]] eart de [[Synoade fan Doardt]] besleat dat Gomarus syn lear de lear fan de Grifformearde Tsjerke wie.
 
[[Ofbyld: Steen Arminius.jpg|left|thumb|Tinkstien foar ''Arminius'' yn de Pieterstsjerke te Leien.]]
Rigel 15:
 
== Teology en polityk ==
Arminius syn teology wike ûnder oaren ôf op it punt fan [[predestinaasje]], de [[frije wil]] en de [[erfsûnde]] fan it tsjerklik-kalvinistysk beliden sa't dat fêstlein wie yn de [[Nederlânske Belidenis]] en de [[Heidelbergske Kategismus]]. Hy is de grûnlizzer fan it [[Remonstranten|Arminianisme]],yn it earstoan in streaming yn de Nasjonaal Grifformearde tsjerke dy't stribbe nei oanpassing fan de belidenis. Nei syn dea kamen de neifolgers fan Arminius yn 1610 mei in ferwarskrift of ''''remonstrantie'''' dat yn wêzen de faak as de mei [[fiif artikelen fan de remonstranten]] oantsjutte ferdigening befette. Nei de Synoade fan Doardt yn 1618-1619, dêr't it arminianisme feroardield en ôfwiisd waard, hawwe de neifolgers fan Arminius de [[Remonstranten|Remonstrantske bruorskip]] stifte. Dat wie net de bedoeling fan Arminius, noch fan de remonstranten tn't earstoan. Hja hiene yn de tsjerke geastlike romte foar Arminius' tinzen hawwe wold. It lear-konflikt tusken Arminius en Gomarus en harren respektivelike oanhingers late úeinlikúteinlik ek ta in politiekpolityk konflikt wêrby't om de ferhâlding tusken tsjerke en oerheid gie, in tige gefoelige kwestje yn de [[17e ieu]]. Yn dy relaasje (tsjerke en steat) wie [[Johan van Oldenbarnevelt]], hoewol persoanlik gjin aanhangeroanhanger fan de teologyske ideeën fan Arminius en ek gjin partijgonger fan Arminius (wat faak wol tocht wurdt), fan betinken dat der yn de tsjerke romte wêze moast foar ferskillende opfettings. Prins [[Maurits fan Oranje|Maurits]] wie lykwols vanfan oardiel dat de lânstsjerke halvinistyskkalvinistysk hearde te wêzen. Lang om let is dit skeel oer de fyzje op de tsjerke en har ferhâlding mei de steat yn de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] ien fan de faktoaren west dy't laat hawwe ta de politike ûndergong en de eksekúsje fan [[Johan van Oldenbarnevelt]]. De Synoade fan Doardt hat de kalvinistyske lear ûnderstreke en fêstlein yn de [[Doardtske Learregels]], faak noch altyd oantsjut as 'de fiif artikelen tsjin de Remonstranten'. De Doardtske Learregels foarmje sûnt in [[belidenisgeskrift]] fan de Nederlânske protestantske tsjerke; dat binne sy bleaun yn de neifolgjende ieuwen, bygelyks yn it tiidrek fan skisma's, dêr't neist de Grifformearde Tsjerke ek de Nederlânsk Herfoarmde Tsjerke en noch wer letter de Kristlik Grifformearde Tsjerke út ûnstienûntstien binne. Ek by de foarming fan de Protestantse Tsjerke Nederlân (PKN) yn 2004, en de oanrin derta, bleaune de Doardske Learregels (de Fiif Artikelen tsjin de Remonstranten) as belidenisgeskriftbelidenisskrift hanthavene. Dat hat harres dien, neist oare arguminten, ta it kiezen foar selstannich bliuwe fan de Remonstranten.
 
== Sjoch ek ==