Predestinaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Jehannes Kalvyn en Maarten Luter: fagefjûr by de Reformaasje liket my net te klopjen.
No edit summary
Rigel 2:
 
== Jehannes Kalvyn en Maarten Luter ==
De predestinaasjelear fan [[Jehannes Kalvyn]] en [[Maarten Luter]], twa wichtige [[teolooch|teologen]] en tjerkeherfoarmers út de [[16e ieu]] hâlde yn dat [[God]] alles yn it foar bepaald en bestjoerd hie. Maarten Luter wie lykwols frijwat faach yn it omskriuwen wat de predestinaasje krekt ynhâlde foar it deistich libben.
 
Kalvyn wie [[jurist]] en dêrtroch better yn it omskriuwen fan it ûnderwerp. Hy definiearre de predestinaasje as ''decretum horribile'' ofwol grouwélich beslút en skreau wiidweidich oer it ûnderwerp. Hy fersmiet de gedachte dat predestinaasje liede moast ta in duldsume libbenshâlding en trúnde minsken oan hurd te wurkjen. Yn de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Nederlânske Republyk]] foarme de predestinaasje yn de [[17e ieu]] it grutte skeel tusken de [[remonstranten]], dy't har fersmieten en de [[kontra-remonstranten]], dy't har hanthavenje woene.