Friesland Post: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat. oanpast
kat. ferw
Rigel 3:
Begjjin tachtiger jierren ferkocht Geart Kuperus it blêd oan [[Agropers]] yn [[Drachten]]. Letter gie it oer nei de [[Friese Pers]] mei útjouwer [[Robert Wielenga]] en haadredacteur [[Sytze van der Wal]] en ferhuze de redaksje fan Drachten nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn de njoggentiger jierren waard it blêd oerdien oan [[Migg]] en útjouwer [[Ids Kuindersma]] en kaam Friesland Post werom yn Snits. Doe't Kuindersma ein [[2007]] krekt foar it 30-jierrich bestean fan FP stoppe, gie it blêd oer nei útjouwer [[Simon van der Let]] en haadredakteur [[Frans van Egmond]].
 
Friesland Post hat rubriken oer Friezen en Fryslân. Hast alle persoanen dy't wat mei Fryslân te krijen hawwe wurde der yn portretearre. Ek is der in fotorubryk mei artikels út it eardere "[[Fan Fryske Grûn]]". Fierders is der oandacht foar horeka, kultuer, natuer, minsken, puzels en oare rubriken mei in Frysk tema. Der binne troch it jier ek temanûmers mei ekstra omtinken oan bg. [[skûtsjesilen]] en oer wenjen.
 
In soad bekende Friezen hawwe meiwurke oan Friesland Post lykas [[Rients Gratama]], [[Peter Karstkarel]] en [[Jopie Huisman]]. It magazine wurdt ek in soad lêzen troch Friezen om utens oant yn Kanada en Austraalje ta. Dy krije it blêd oer de post tastjoerd.
 
== Styl ==
Yn [[2003]] ferskynt as bylage fjouwer kear jiers de Frysktalige "Styl" mei in jonge redaksje. Ien fan de doelen fan dit losse katern is [[taalbefoardering]] foar jonge minsken.
== Keppeling om utens ==
*[http://www.friesland-post.nl/basis%20html/friesp.html Webstee Friesland Post]
 
[[Kategory:Frysk tydskrift]]
[[Kategory:Media]]
[[Kategory:Tydskrift]]