Jacob van Lennep: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
út de evf
Rigel 5:
 
==Biografy==
Van Lennep waard berne yn Amsterdam as soan fan de skriuwer en politikus [[David Jacob van Lennep]]. Hy studearre rjocht oan de [[Universiteit Leien]] en op syn 20e sette er in bern oan by in aadlike freondinne, dat troch in [[Minne (berop)|minne]] grutbrocht waard. Yn 1823 makke er mei syn stúdzjefreon [[Dirk van Hogendorp (jurist)|Dirk van Hogendorp]] in fuotreis troch de noardlike -protestante- Nederlannen. Yn [[1824]] studearre er ôf en boaske oan Henriëtte Röell, tsjin it sin fan syn heit, en festige him wer yn Amsterdam. Hy bleau lykwols in frouljusgek. Yn [[1829]] waard er beneamd as [[ryksadvokaat]] en in jier letter ferfarre er nei de Keizersgreft, no nûmer 560, dêr't er oant syn dea ta wenjen bleau. Foar [[De Roos van Dekema]] útkaam gie er nochris nei Fryslân. Yn '' Onze Voorouders'' I-V ( [[1838]] - [[1845]]) steane Fryske gegevens, bygelyks 'De Friezen te Rome'. 'De Koorknaap of Friesche bouwmeester'.
 
Van Lennep wie fan [[1853]] oant [[1856]] lid fan de [[Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal|Twadde Keamer]].
Rigel 15:
* ''Het Dorp aan de Grenzen'' (1830; toanielstik)
* ''De pleegzoon'' (1833)
* ''[[De Roos van Dekama]]'' (1836) ([http://www.gutenberg.org/etext/19161 tekst by Projekt Gutenberg])
* ''[[Ferdinand Huyck]]'' (1840) ([http://www.gutenberg.org/etext/17706 tekst by Projekt Gutenberg])
* ''Elisabeth Musch'' (1850) ([http://cf.hum.uva.nl/dsp/ljc/jlennep/Musch/inleiding.html tekst by LJC])
Rigel 23:
* ''De Uithangteekens'' (1867; mei J. ter Gouw)
* ''De Zomer van 1823. Lopen met Van Lennep'' (2000) oersetten reis-deiboek (1823) útjûn as ''Nederland in den Goeden Ouden Tijd'' (1942), troch [[Marita Mathijsen]] ISBN 9040095132
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=