Aurelianus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
Doe't Aurelianus keizer waard rûn it him yn it begjin net mei. It Romeinske ryk wie yn gaos. De [[Allemannen]] foelen oanhâldend oan
en de Goaten hienen frij spul op de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]]. Yn jannewaris [[271]] hie hy te krijen mei in bretale ynfal fan de Allemannen yn [[Itaalje]]. Hy gie derhinne mei it leger, mar ferlear de [[slach by Placentia]]. Hy liet it der by sitte en gong fuort en gie daliks mei syn leger oan'e gong en helle rûnom ekstra troepen wei. Mei dit fersterke leger koe hy de Allemannen datselde jier yn twa oare slaggen wol ferslaan. Hy wie hjirtroch in stik wiizer wurden en fûn dat de Romeinske haadstêd [[Rome]] net langer feilich wie foar fijannen. Dêrom joech hy opdracht in grutte stêdsmuorre, (de [[Aureliaanse Muorre]]) om Rome hinne te bouwen.
[[Ofbyld:Porta Asinaria 2948.JPG|left|thumb|200px|De ''"Porta Asinara"'', in poarte yn de Aureliaanske Muorre.]]
 
Aurelianus fûn ek dat it besit fan in oantal Romeinske gebieten net langer te handhavenjen wie. Dizze gebieten leinen bûten de [[Ryn]]- en [[Donau]]-Limes en hienen in soad te lijen hân fan ynfallen, benammen troch de [[Goaten]]. Dêrom liet hy yn [[271]] de foarút skode provinsje [[Daasje]] ûntromje en brocht syn troepen mei de Romeinske befolking oer nei de súdlike kant fan de Donau. Syn foargonger hie de ynvaasje fan Goaten al gruttendiels ta stilstân brocht. Aurelianus makke it wurk ôf, yn in oantal slaggen waarden de Goaten foar altiten ferslein.