Heinrich Himmler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
 
==Iere libben==
Neffens de heit fan Heinrich Himmler komt de famylje út [[Switserlân]]. Yn [[Bazel]] is der in hûs dat it "Himmlerhûs" neamd wurdt. Heinrich Himmler waard berne op [[7 oktober]] [[19901900]] as twadde bern út in goede húshâlding yn [[München]]. De húshâlding Himmler hie goede kontakten mei it Beierske keninklik hûs.
 
Yn syn jonge jierren hie Heinrich slim lijen fan syn minne sûnens. Dat besocht er te kompensearjen mei de stúdzje. Hy helle it diploma fan it [[gymnasium]] dêr't er ek al niget hie oan [[skiednis]], [[taal]] en [[religy]]. Wilens de lêste wiken dat er op it gymnasium siet sette de [[Earste Wrâldkriich]] út ein. Hy woe graach fjochtsje foar de Dútske marine mar hy waard wegere omdat syn eagen sa min wienen. By de lânmacht koed er yn 'e maitiid fan [[1914]] begjinne mei de offisiersoplieding, dy't er yn 1918 dien makke hie, doe't de kriich al oer wie. Himmler hat sels net fochten oan it front yn de Earst Wrâldkriich lykas [[Adolf Hitler]], [[Rudolf Hess]] en [[Hermann Göring]]. Fan 1919 oant en mei 1923 wie Himmler by de [[Bayerische Volkspartei|Bayerischen Volkspartei (BVP)]]. Op [[2 augustus]] [[1923]] waard er lid fan de [[NSDAP]] en die mei oan de mislearre [[Hitler-Putsch]].