Wim en Hans Anker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
skoalle
Rigel 1:
De [[twilling]]bruorren '''Wim en Hans Anker''' ([[Skiermuontseach]], [[27 febrewaris]] [[1953]]) binne twa bekende [[Frylân|Frysk]]e [[Abbekaat|strafpleiters]]. Wim wurdt ek wol Willem neamd. Se wenje yn [[Akkrum]].
 
De twilling groeide op yn Akkrum as bern fan de [[boargemaster]]. SeNei in ulo- en hbs-oplieding yn Ljouwert studearden se [[rjochten]] oan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Hjirnei ferhuze Wim nei de Rânestêd om amtner op it [[ministearje fan Justysje]] te wurden. Nei fjouwer jier oertsjûge syn broer Hans him om werom te kommen nei Fryslân, en abbekaat te wurden by itselde kantoar dêr't Hans ek wurke. Yn 1990 stiften se harren eigen kantoar: Anker & Anker te Ljouwert.
 
De firma Anker & Anker hat him spesjalisearre yn strafrjocht en benammen yn strafsaken, dêr't [[Tabeskikkingstelling|TBS]] en [[kassaasje]] in wichtige rol by spylje en behannelje benammen [[pro-deo]] saken. Dit betsjut dat se zaken tawiisd krije fan fertochten dy't gjin abbekaat betelje kinne of dy't gjin abbekaat inhiere kind hawwe omdat nimmen se ferdigenje wol. Sa ferdigenen de bruorren [[Ferdy Elsas|Ferdy E.]], de moardner fan [[Gerrit-Jan Heijn]]; 'ingel fan'e dea' [[Martha U.]]; en [[Richard Klinkhamer]], dy't syn frou fermoarde. Ek de fjouwer belagers fan [[Meindert Tjoelker]], en de ekstreemrjochtse partij [[CP'86]] binne troch harren ferdigene. Dêrnjonken lûke se harren it lot fan TBS-ers en langstraften oan, lykas searje-moardner Koos Hartogs, dy't al 25 jier yn TBS-kliniken fêstsit. Ek ferdigenen hja [[Jan Veerman]], dy syn dochter en de bedriuwslieder fan [[kafee Het Hemeltje]] yn [[Foalendaam]].