Falentinianus I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: hu:I. Valentinianus
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: hu:I. Valentinianus római császár; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Falentinianus''' (''Latynsk: Flavius Valentinianus'') ([[321]] - [[17 novimber]] [[375]]), bekend as '''Falentinianus I''', wie [[List fan Romeinske keizers|keizer]] fan it [[Romeinske ryk]] fan [[26 febrewaris]] [[364]] oant 17 novimber 375.
 
== Libben ==
Falentinianus waard berne yn [[Cibalis]] (tsjinwurdich Vinkovci), yn it suden fan [[Pannoanje]]. Syn heit wie [[Gratianus de âldere]], in bekend en respektearre generaal. Falentinianus makke sels ek opgong yn it leger, hy wie kavalery-oanfierder by [[Julianus Apostata]], doe dizze noch [[Caesar]] wie ûnder [[Konstantius II]]. Dizze hienen lykwols in protte rûzje mei inoar, wêrtroch Falentinianus ûntslein waard út it leger troch Konstantius. Falentinianus troude twa kear; earst mei Severa, dy`'t him in soan, [[Gratianus]] joech, en letter mei Jutina, dy't de mem waard fan [[Falentinianus II]] en twa dochters: Galla (de lettere frou fan [[Teodosius de Grutte|Teodosius]]) en Justa.
 
=== Opkomst ===
[[Jovianus]], dy't Julianus Apostata yn [[364]] as keizer opfolge, helle Falentinianus wêrom by it leger. Jovianus stoar lykwols op [[17 febrewaris]] 364, en Valentinianus waard as syn opfolger keazen. It leger wie it net hielendal iens mei dizze gong fan saken, hy kaam dizze yn de mjitte troch syn broer [[Valens]] as meikeizer ta beneamen. Valens bestjoerde it easten, wylst Falentinianus it westen soe regeare fanút [[Milaan]]. Lykwols ûntstie er al gauris in opstân yn it ryk. Dizze opstân waard lieden troch [[Prokopius]], mooglik famylje fan Julianus, mar Valens koe mei syn leger de opstân delslaan. Prokopius waard eksekutearre yn [[366]].
 
Yn [[367]] beneamde Falentinianus syn âldste soan [[Gratianus]], oant meikeizer. Mar dit wie gjin sukses want yn it leger ûntstie reboelje, om't de jonge Gratianus him net ynteresseare foar militêre saken. Falentinianus koe in opstân tsjinhâlde en besike fan Gratianus in militêr te meitsjen, lykwols sûnder sukses.
 
=== Kriich tsjin de Germanen ===
Falentinianus wie ûnder syn yn totaal âlve jier duorjende hearskippij drok dwaande mei alderlei fjildtochten tjin ynfallers, benammen mei de [[Bourgonden]], de [[Saksen]] en de [[Allemannen]] hie hy in soad te stellen. Mar hy wie lykwols tige súksesfol hjirmei en koe frede slute mei de Alamannen en har kening [[Makrianus]], dy't letter in goede freon fan de Romeinen wurden soe. Falentinianus liet in soad ferdigeningswurken bouwe yn [[Galje]], omdat hy dizze provinsje hiel wichtich fûn foar it ryk.
 
Rigel 18:
Kwaden waard Falentinianus, dy't bekend stie om syn opfleanende karakter sa lulk oer harren fredesfoarstel dat er fan de opwining in [[hertynfarkt]] krige, dêr't hy oan stoar.
 
== Dea en Neifolging ==
Yn it algemien wurdt Falentianus beskôge as de lêste grutte keizer fan it West-Romeinske ryk. Hy wie in earlik en hurdwurkjend persoan, dy't skoalen stifte wylst hy sels amper lêze koe en gjin belêstingjild út joech oan ûnnutte saken, mar forten bouwe liet. It jild brûkte hy foar oare praktyske dingen, lykas fergeze medyske soarch foar de earmen minsken yn Rome. Falentinianus wie in [[kristen]], mar ûnder syn regear hearste der frijheid fan leauwen.
 
 
Rigel 44:
[[gl:Valentiniano I]]
[[hr:Valentinijan I.]]
[[hu:I. Valentinianus római császár]]
[[it:Valentiniano I]]
[[ja:ウァレンティニアヌス1世]]