Anton Molkenboer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 30 jan 2010 om 19.01

Antonius (Antoon of Anton) Henricus Johannes Molkenboer (Ljouwert, 4 augustus 1872Haarlim, 3 oktober 1960) wie in Nederlânsk keunstner. Hy wie skilder, glêsskilder, boekbânûntwerper, dekoraasjeskilder, (fan ynterieurs), tekener, grafysk foarmjouwer, teaterdekorateur en glêskeunstner. Hy wie in soan fan byldhouwer en tekener Willem Molkenboer en broer fan de keunstners Theo en Phemia Molkenboer.

Syn oplieding krige er fan 1889 - 1892 oan de - troch syn heit oprjochte - Ryksnormaalskoalle foar Tekenûnderwizers yn Amsterdam.

Hy hat wurke yn de Feriene Steaten fan Amearika yn de perioade 1905 - 1910. Molkenboer wurke globaal fan 1895 - 1905 yn Amsterdam, yn De Haach fan 1910 - 1942 en yn Haarlim fan 1942 - 1960.

Op inisjatyf fan Jac. van den Bosch, H. Hana, K. van Leeuwen, W. Penaat en Antoon Molkenboer waard yn 1904 de Nederlandsche Vereeniging voor Ambachts- en Nijverheidskunst V.A.N.K. oprjochte. Hjiryn ferienen har de keunstniverders fan Nederlân dy't foar dy tiid oansluten west hiene by skilders- of arsjitektenferienings.

Sa om 1900 stie yn in ferhúsberjocht fan de drukkerij Ipenbuur & Seldam yn Amsterdam: Wij verbonden aan onze inrichting twee bekende kunstschilders de Heeren Th. en Antoon Molkenboer die zich bereid verklaarden voor het ontwerpen van aanplakbiljeten, diploma's, boekillustraties, show-cards, adreskaarten, briefhoofden en wat dies meer zij, zoodanig te maken dat hun teekeningen voor reproductie op steen of voor den boekdruk geschikt zijn.

Under filatelisten is Molkenboer benammen bekend fan de trije opfolgjende searjes bernepostsegels, yn de jierren 1925, 1926 en 1927, wêryn hy de wapens fan de destiidske 11 provinsjes ferwurke yn symboalyske foarstellings út de natoer.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H.J. Nieboer - De schilderingen van den H.Thomas van Villanova van Antoon Molkenboer, in Beschouwingen over kerkelijke kunst 1 (1921-1922), s. 330-334
  • J. Engelman - Mozaïek van Molkenboer ,in: Tympanon. Opstellen over kunst en gewijde kunst, Amsterdam (1936), s.105-114
  • M. van der Schrieck - De Rosa mystica van Anton Molkenboer, in Het Gildeboek 19 (1936),s.42
  • E. Braches - Het boek als Nieuwe Kunst 1892-1903. Een studie in Art Nouveau, Utert 1973 [dissertaasje],p. 76 en passim
  • M. Loosen-de Bruin - Antoon Molkenboer (1872-1960). Een in vergetelheid geraakte kunstenaar?, Desipientia .Zin & waan 5 (1998), s.36-40
  • M. Loosen-de Bruin, --Antoon Molkenboer (1872-1960). Met de kiel aan, gereedschap in de hand, Skripsje (1995), s. 81
  • F. Leidelmeijer en D. van der Cingel - Art Nouveau en Art Deco in Nederland: verzamelobjecten uit de vernieuwingen in de kunstnijverheid van 1880-1940, Amsterdam 1983, s. 31
  • Artikel fan de VVNK 1900, wêryn de eftergrûn fan de bernesegels 1925-27 neier beljochte wurdt.