Theo Molkenboer (skilder): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|''Theo Molkenboer. Portret fan frou Ebbenhorst-Koert.'' [[Ofbyld:De_geschiedenis_van_een_stadhuis_en_van_eene_kat...
 
ferw. en kat.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Theo Molkenboer - Portret van mevr. Ebbenhorst-Koert.jpg|thumb|''Theo Molkenboer. Portret fan frou Ebbenhorst-Koert.'']]
[[Ofbyld:De_geschiedenis_van_een_stadhuis_en_van_eene_kathedraal.jpg|thumb|right|''boekbânûntwerp Theo Molkenboer'']]
'''Theodorus Henricus Antonius Adolph Molkenboer''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[23 febrewaris]] [[1871]] - [[Lugano (stêd)|Lugano]] ([[Switserlân]]), [[1 desimber]] [[1920]] ) wie in [[Nederlân]]sk [[keunstskilder|skilder]], en wurke as boukundich tekener, byldhouwer, portretskilder, kostúmhistoarikus, [[grafikus]], [[grafyskh ûntwerper|ûntwerper]] en [[boekbânûntwerper]]. Hy wie de âldste soan fan byldhouwer / tekener [[Willem Molkenboer]] en Marie der Kinderen, de suster fan byldzjend keunstner prof Antoon der Kinderen. Hy wie de broer fan de keunstners [[Anton Molkenboer|Anton]] en [[Phemia Molkenboer]] en fan de Vondelkenner prof. Bernard Molkenboer.
 
Theo Molkenboer studearre yn 1891-1892 oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Hy krige dêr ûnder oaren les fan syn omke Antoon der Kinderen en fan Gerrit Willem Dijsselhof. Yn 1890 waard hy ûnderskieden mei de Willink van Collen priis.
Yn 1891 studearre hy ôf oan de - troch syn heit oprjochte - Ryksnormaalskoalle foar tekenûnderwiis ôfd. Boukunde en rjochtlinich tekenjen. Yn datdelde jier helle hy de MU-akten foar hântekenjen, en foar bou- en wurktúchboukundich tekenjen. Fan 1890-1892 wurke hy yn it atelier fan Dr. [[Petrus Josephus Hubertus Cuypers|Pierre Cuypers]], arsjitekt yn Amsterdam, as boukundich tekener.
 
Fan 1892-1896 wie hy direkteur eigener fan de tekenskoalle Hendrik de Keijser. Hy nom ek as lid fan de Rykskommisje foar MU-akten eksamens ôf foar tekenfakken.
Rigel 10:
Dêrnei wurke hy ûnder mear as keinstniverder, benammen as artistyk lieder foar it [[Petielfabryk Holland]] yn [[Utert (stêd)|Utert]] fan 1901-1904. Hy skildere, tekene, etste en litografearre in soad portretten fan bekende persoanlikheden yn syn tiid. Yn neifolging fan syn broer Anton luts hy yn 1909 nei de Feriene Steaten, dêr't beide in soad opdrachten krigen. Molkenboer skildere dêr ûnder oare in portret fan de destiidske presidint [[William Howard Taft]]. Yn 1913 kaam er werom nei Nederlân.
 
Theo Molkenboer ferstoar yn 1920 op 49-jierrige leeftiid oan [[tuberkuloaze]], yn in [[sanatoarium]] yn Agra (Lugano, Switserlân).
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 20:
 
{{DEFAULTSORT:Molkenboer, Theo}}
[[Kategory:Nederlânsk keunstskilder|Theo Molkenboer]]
[[Kategory:Nederlânsk byldhouwer|Theo Molkenboer]]
 
[[nl:Theo Molkenboer (schilder)]]