Charles de Gaulle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fiu-vro:Gaulle'i Charles; tekstwiziging
red
Rigel 6:
 
=== De Earste Wrâldkriich ===
Yn de [[Earste Wrâldkriich]] tsjinne De Gaulle yn it leger as [[luitenant]] oant syn finzenskip yn [[1916]]. Hy siet mear as twa jier yn in kamp foar kriichsfinzenen. Nei de oarloch gie hy by de [[tank]]troepen fan de [[ynfantery]] wêr't hy al gau de reputaasje krige fan in foarútstribjende taktikus. Hy woe graach mear pânserdivyzjes hawwe om faasje en fjoerkrêft te fergrutsjen. Yn [[1934]] miende er dat der in fredesleger komme moast om in eventuele ferrassingsoanfal fan de Dútsers ôf te slaan. Yn Frankryk waard net echt nei him lústere. MenDer waard tocht dat it better wie om in goede ferdigeningsliny te bouwen en dêr wie de [[Maginot liny]] it resultaat fan. Nei de oarloch hat De Gaulle sein dat er de [[Blitzkrieg]] foarsein hie.
 
Ut de briefwikselingen blykt ûnder mear dat er net safolle op hie mei de [[Parlemintêre Demokrasy|parlemintêre demokrasy]] en einliks mear seach yn in [[Monargy|monarchaal]] rezjym.
Rigel 14:
Nei de oarloch is faak sein dat hy no krekt as ienige generaal yn dy wiken noch wat súksessen tsjin de Dútsers boekte. Flak foar de totale ynienstoarting is hy noch befoardere ta brigadegeneraal. Hy krige op [[6 juny]] de post fan ûnderminister foar definsje yn it kabinet fan [[Paul Reynaud]]. Doe't maarskalk [[Philippe Pétain]] yn juny 1940 in wapenstilstân slute woe mei de Dútsers, stapte De Gaulle yn in Brits fleantúch en gie nei [[Londen]] ta. Fia de [[BBC]] kundige er oan dat hy foar Frankryk de striid tsjin Dútslân fuortsette soe. It [[Vichy-rezjym]] feroardielde him ta de dea fanwege dessertsje.
 
De Gaulle organisearre nei syn flecht de [[Frije Frânske striidkrêften]]. It slagge him om guon Frânske koloanjes oan syn kant te bringen. Hy krige ek it bestjoer yn [[Syrje]] en [[Libanon]] yn hannen doe't de Britten dizze Frânske mandaatgebieten op Vichy-troepen oermasteren. Dit barde net sûnder muoite, want De Gaulle besocht de weardichheid fan Frankryk te ferdigenjen. Wylst de Britske premier [[Winston Churchill]] noch in seker respekt hie foar de Frânske generaal, mistrouden de [[Feriene Steaten]] him. Doe't de Amerikaanske en Britske legers yn novimber 1942 Frânske gebieten yn Noard-Afrika binnenfoelen joegen de Amerikanen it bestjoer net oan de Frije Frânsken, mar wol oan in oare Frânske generaal, [[Henri Giraud]]. Lykwols waard De Gaulle waard goed stipe, ek yn beset Frankryk. Yn juny 1943 kamen sede Amerikanen mei in kompromis. De Gaulle en Giraus waarden tegearre ko-foarsitters fan in Frânsk komitee fan nasjonale befrijing yn [[Algiers]], mar nei inkele moannen wist De Gaulle Giraud oan de kant te skowen en yn juny 1944 foarme hy in regear fan de Frânske republyk mei himsels as foarsitter. De Amerikanen wienen net fan doel om De Gaulle by de lanning yn [[Normandje]] te belûken. Ek woenen se net dat hy Frankryk bestjoere soe. Mar it hiele binnenlânske ferset stie as ien man efter De Gaulle. Hy waard oeral tajubele as hy troch Frankryk ried en op [[26 augustus]] fêstigen hy en syn regearing harren yn [[Parys]]. De Alliearden moasten syn regear wol erkenne. Oant de ein fan de kriich hie hy spul mei de Amerikanen. De generaal woe altyd dat Frankryk as in grutte mogendheid behannele wurde soe en hy wegere somtiden om befellen fan it alliearde oerbefel op te folgjen.
 
=== Nei de kriich ===
Yn eigen lân wie De Gaulle op de ein fan de kriich in lieder wêrdêr't eltsenien wol oer mocht. Hy stie boppe de partijen. Hy bleau ek nei de ferkiezingen fan novimber 1945 foarsitter fan de regearing. Mar yn jannewaris 1946 stapte hy dôchs del; it waard dúdlik dat syn opfettings net yn de nije [[grûnwet]] komme soenen. Yn 1947 stifte hy in nije politike partij. Dy wie koart in súkses, mar yn [[1953]] hefte hy de partij op en stapte hy út de polityk.
 
Mar yn [[1958]] kaam De Gaulle wer yn byld. De [[Algerijnske ûnôfhinkliksoarloch]] duorre al fjouwer jier en wie hopeleas. It late ta in politike krisis yn Frankryk. Der waard freze dat de opstân fan it leger oerslaan soe nei it memmelân Frankryk. De Gaulle foarme dêrop in nije regearing en krige foar seis moannen in soad macht. De Gaulle waard de earste presidint fan de fiifde republyk. Eltsenien tocht dat hy de opstân yn [[Algerije]] stopje soe, mar hy wie der sels al gau fan oertsjûge dat dit nea barre soe. Hy kundige oan dat hy troch ûnderhannelings de Algerijnen selsbeskikking jaan woe. Dit wie in grutte teloarstelling foar de Frânske koloanisten yn Algerije. Sy soargen foar swiere rellen. Der waarden in soad oanslaggen plege. Mar yn 1962 waard Algerije ûnôfhinklik wêrnei't hûnderttûzenen Frânske kolonisten en soldaten in goed hinnekommen sochten yn Frankryk.
Rigel 26:
=== Ferstjerren ===
Mei hast tachtich jier ferstoar de Gaulle hommels thús yn Colombey-les-Deux-Églises.
Hy waard te hôf brocht op it pleatslike tsjerkehou; hy hie in steatsbegraffenis wegere. Dat hy net my syn politike macht op jild út wie west wie, die bliken út in tige beskieden erfenis oan syn famylje.
 
== Literatuer ==