Lânoanmakkerij: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L interwiki: de nl |
No edit summary |
||
Rigel 1:
'''Untginning''' is it yk kultuer bringen fan woeste grûnen. Earst wurdt der gewoanwei foar droechlizzing soarge. At soks needsaaklik is wurde der diken oanlein en folget de einlike ûntginning: it ferneatigjen fan de âlde fegetaasje, it sortearen fan profyllagen en egalisaasje fan minne ûndergrûn. As lêste it regelmjittich ferdielen fan de beskikbere goede grûn.
Wol fan betsjutting is de ûntginning fan kultuerlân dat destiids ferkeard ûntgûn is, of sterk ferâldere. Hjirfoar kamen yn Fryslân yn 1957 rûchwei 55.000 ha yn de beneaming, ofwol 20% fan de kultuergrûn. Werûntginning kin bestean yn egalisearje, brekke en skuorre fan min trochlittende lagen, sortearjen fan lagen ( minne nei ûnderen en goede nei boppen ta wurkje) en út in kombinaasje hjirfan. De grins tusken ûntginning en werûntginning is lykwols net altyd goed oan te jaan. Yn in kompleks fan petgaten kinne de gatten as goede grûn en de sethagen as minne kultuergrûn opfetten wurde.
Foarbylden fan werûntginning yn Fryslân: djipspitten fan âlde heideprofilen, fan âlde feangrûnen; ploeien of spitten fan it saneamde skalterfean yn it suden fan it Lege Midden , in plaatfoarmich bulterige en tige droechtegefoelige steurende laach; sleatdimpen en egalisearjen; djipploeien fan minne knipkaaigrûn ensfh. en werûntginning kin mei de hân dien wurde of masinaal. It earste is allinnich rendabel yn it ramt fan wurkleazensbestriding. De kosten fan werûntginning fariearde sterk, it hinge ôf fan de djipte fan bewurking en de eventuele needsaak fan sortearen fan de lagen. By de werûntginning kinne bygelyks wetterbehearsking, ûntsluting en ferkaveling rindabel wurde. It ekonomysk buorkjen wurdt dan ek befoardere.
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{EvF|Ontginning}}
}}
[[Kategory:Lânbou]]
|