Tachtichjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw. en lytsguod
ferw.
Rigel 18:
 
== De oerwinnings fan Maurits en Loadewyk ==
Yn [[1589]] oermastere Parma [[Geertruidenberch]] en it dêrop folgjende jier set it leger fan de Republyk - herfoarme en laat troch prins Maurits, stipe troch in krêftich bestjoer ûnder lieding fan [[Johan fan OldebarneveltOldenbarnevelt]] - útein mei de oanfal en yn in rige oerwinnings waarden tusken [[1590]] en [[1597]] steden en festigings ferovere op de Spanjerts yn Oerisel, Gelderlân, it noardwesten fan Brabant, Drinte, Grinslân en Sieusk-Flaanderen. Allinnich yn it easten behelle [[Spinola]] wat súkses op de Republyk. Lang om let hawwe de fredesûnderhannelings yn [[1609]] laat ta it saneamde ''[[Tolvejierrich bestân]]'' wêrby't de ûnôfhinklikens fan de Republyk troch Spanje erkend waard.
 
== Herfetsje fan de oarloch ==
Doe't de Republyk nei it bestân, û.o. troch de dea fan Van OldebarneveltOldenbarnevelt, ynwindich ferswakke wie, besocht Spanje op 'e nij Noardlike Nederlannen te betwingen. Yn gearwurking mei de katolike Dútske foarsten hannele Spinoza krêftich en súksesfol tsjin Maurits. Brabant waard troch him ferovere en it easten fan Gelderlân. Lykwols makke de opfolger fan Maurits, [[Freark Hindrik fan Oranje Nassau|Freark Hindrik]] in pear jier letter alle oermasteringen fan Spinola ûngedien. Nije fjildtochten fan him rûnen út op de besetting fan oare steden yn Limburch en Brabant. Yn dy tiid foel de Tachtichjierrige oarloch tagelyk mei de [[Tritichjierrige Oarloch]]. Keizerlike troepen kamen de Spanjerts yn de Nederlannen te help en Dútske protestanten krigen stipe fan de Nederlânske gewesten. Nei in skoft langen beide partijen nei frede, dy't nei trije jier fan ûnderhannelings yn [[1648]] ta stân brocht waard.