Tachtichjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
No edit summary
Rigel 15:
== De komst fan Parma ==
[[Ofbyld:Vaenius - Alexander Farnese.png|thumb|left|150px|De hartoch fan Parma]]
Gebrûk meitsjend fan de ûntefredens by de katoliken stelde de opfolger fan Don Juan, de [[hartoch fan Parma]], him yn ferbining mei de katolike striders en eallju yn de súdlike Nederlannen. Hy slagge deryn in bûnsmaatskip te sluten mei de Steaten fan Henegouwen en Artois, de [[Uny fan Atrecht]]. Oan de oare kant ferienige Willem fan Oranje him mei in oantal gewesten yn de [[Uny fan Utert]].

Yn de jierren tusken 1579 en 1589 wit de hartoch fan Parma grutte súksessen te beheljen. Hy werstelt it keninklik gesach en de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] yn alle gewesten te suden fan de grutte rivieren en yn grutte parten fan Oerisel, de Efterhoeke, Drinte en Grinslân.

De help dy't de opstannelingen fan de Frânske kening krige en fan [[Elizabeth I fan Ingelân]] (dy't Leicester mei troepen stjoerde), smiet neat oars op dan nije ûnienigens. De Steaten-Generaal fan de opstannige gewesten erkenden net nochris in frjemde as soeverein foarst. Dermei wie de selsstannigens fan de ''[[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk fan de Feriene Nederlannen]]'' yn [[1588]] in feit wurden. Fanôf dat stuit is de opstân in oarloch tusken de Republyk en de Spaanske monargy.
 
 
== De oerwinnings fan Maurits en Loadewyk ==