Nederlânske SS: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw. oanpast
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Standaard Nederlandsche SS.svg|thumb|''Findel fan de Nederlânske SS.'']]
 
De '''Nederlânske SS''' ('''Nederlandsche SS''') waard op [[11 septimber]] [[1940]] oprjochte. Op [[1 novimber]] [[1942]] feroare de namme fan de organisaasje yn '''Germaansche SS in Nederland'''.
 
== Oanrin ==
[[Anton Mussert]], lieder fan de NSB waard op [[9 juny]] [[1940]] op de hichte brocht fan [[Adolf Hitler|Hitler]] syn befel om Nederlanners foar de divyzje 'Wiking' fan de [[Waffen-SS]] te winnen. De Nederlânske frijwilligers soene harren eigen ''Standarte'' 'Westland' krijgenkrije. Mussert fielde der net folle foar en rôp syn leden op om gjin tsjinst te nimmen by de SS, matmar it gie wol troch. Yn it earstoan bleau Mussert wegerjen, mar hy moast konsesjes dwaan om syn eigen posysje te behâlden. De DútskersDútsers hienen dochs al harren nocht fan de healslachtige Mussert en drigen [[Meinoud Rost van Tonningen]] nei foaren te skowen, ta skea fan Mussert. Mussert gie dêrom yn septimber 1940 akkoard mei de oprjochting fan de Nederlânske SS, as fariant fan de [[Algemeine SS]]. Sadwaande waard op [[11 septimber]] [[1940]] de Nederlânske SS formeel as ûnderôfdieling (Ofdielingôfdieling XI) fan de NSB oprjochte. As 'Voorman' waard [[Henk Feldmeijer]] beneamd, dy't him yn de praktyk net folle troch Mussert en syn NSB sizze liet. Feldmeijer socht ynstee mear en mear oansluting by de [[Dútslân|Dútse]] [[Allgemeine SS|Allgemeine]] (politike) [[Schutzstaffel|SS]]. Yn'e maitiid fan 1941 waard in opliedingsskoalle foar de ''Nederlandsche SS'' iepene op de bûtenpleats [[Avegoor]] te [[Ellecom]].
 
== Betingsten ==
Om't de Nederlânske SS in elitekorps hearde te wêzen, koe net eltsenien samar lid wurde. Der waard in kar makke op grûn fan ras, libbenshâlding, persoanlikheid en lichaamlike kondysje. Om lid te wurden moast de gadingmakker tenearsten oan de neifolgjende betingsten foldwaan:
# Aryske komôf fan 1800 ôf (foar ofsieren: 1750), dy't bewiisd wurde moast. De kandidaat moast op earewurd ferklearje dat him neat fan net-aryske foarâlden bekend wie.
# Gjin ûnearvolle strafrjochtlike fonnissenfûnnissen yn de c.v..
# Minstens 1.72m. lang wêze.
# Oanwiisber lichaamlik sûn wêze.
Rigel 24:
# Standert V (Noard-Brabân en Limburch) haadkertier te Eindhoven.
 
FierderFierders wie der noch in plysje-standert op himsels. De ferskillende standerten wienen wer ûnderferdield yn ''groepen'' (4 man), ''troepen'' (40 man + lieder), ''stormen'' (123 man + kommandant + plakfervangerplakferfanger) en 3 ''stormbannen'' (500 man + stormbanstaf). Dizze yndieling bestie lykwols allinne op papier. Yn de praktyk bestienen de standerten út in tal stormen, dy't boppedat minder man telden at de bedoeling wie. Trochstrings telden de standerten mar 130 man. In wichtige reden hjirfoar wie dat der algeduerich in soad trochstreamden nei de Waffen-SS.
 
Dat in ferlingstik fan [[Heinrich Himmler|Himmler]]s SS yn Nederlân wichtich achte waard hie fjouwer redenen. Yn it foarste plak winske de SS, as gefolch fan Himmler syn ekspânsjedriuw, yn de ferovere lannen in wichtich plak yn te nimmen. Twads fûn de SS de oprjochting fan de Nederlânske SS wichtich foar it winnen fan frijwilligers foar de Waffen-SS. De Nederlânske SS koe net allinne sels as reservoir tsjinje, mar hie ek in wichtige taak by it lizzen fan in basis wêrút wei yn de takomst leden wûn wurde koene. Treds moast de Nederlânske SS Mussert yn de winslike grut-Germaanske rjochting fiere. As lêste hie de oprjochting fan de Nederlânske SS in wichtige propagandistyske wearde.
 
Op [[1 novimber]] [[1942]] waard de namme wizige yn '''Germaansche [[Ofbyld:Schutzstaffel SS SVG1.1.svg|16px|Runic 'SS']] in Nederland'''. Dy nammeferoaring lei de klam op it feit dat net it Nederlânske aspekt foarop stie, mar it Germaanske, lês: Grut-Dútske. De Germaanske SS hie sa'n 7000 leden en se wie yn't foarste plak in politike formaasje en teffens in reservoir foar de [[Waffen-SS]]. De Nederlânske SS'ers wiene yn swart uniformunifoarm klaaid, dat ôflaat wie fan de Dútske SS. Ein [[1944]] bestie de Germaanske SS yn Nederlân inkeld noch op papier út reden fan it foar de Dútsers kearend tij fan de kriichsomstannichheden.
 
== Keppeling om utens==