Nederlânske SS: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
standert----->standaard
Rigel 18:
== Organisaasje en belang ==
De Nederlânske SS wie ferdield yn fiif territoriale standerden:
# StandertStandaard I (Fryslân, Grinslân en Drinte) haadkertier te Grins
# StandertStandaard II (Oerisel en Gelderân) haadkertier te Arnhim
# StandertStandaard III (Noard-Hollân en Utert) haadkertier te Amsterdam
# StandertStandaard IV (Súd-Hollân en Seelân) haadkertier te Den Haach
# StandertStandaard V (Noard-Brabân en Limburch) haadkertier te Eindhoven.
 
Fierders wie der noch in plysje-standertstandaard op himsels. De ferskillende standertenstandaarten wienen wer ûnderferdield yn ''groepen'' (4 man), ''troepen'' (40 man + lieder), ''stormen'' (123 man + kommandant + plakferfanger) en 3 ''stormbannen'' (500 man + stormbanstaf). Dizze yndieling bestie lykwols allinne op papier. Yn de praktyk bestienen de standerten út in tal stormen, dy't boppedat minder man telden at de bedoeling wie. Trochstrings telden de standerten mar 130 man. In wichtige reden hjirfoar wie dat der algeduerich in soad trochstreamden nei de Waffen-SS.
 
Dat in ferlingstik fan [[Heinrich Himmler|Himmler]]s SS yn Nederlân wichtich achte waard hie fjouwer redenen. Yn it foarste plak winske de SS, as gefolch fan Himmler syn ekspânsjedriuw, yn de ferovere lannen in wichtich plak yn te nimmen. Twads fûn de SS de oprjochting fan de Nederlânske SS wichtich foar it winnen fan frijwilligers foar de Waffen-SS. De Nederlânske SS koe net allinne sels as reservoir tsjinje, mar hie ek in wichtige taak by it lizzen fan in basis wêrút wei yn de takomst leden wûn wurde koene. Treds moast de Nederlânske SS Mussert yn de winslike grut-Germaanske rjochting fiere. As lêste hie de oprjochting fan de Nederlânske SS in wichtige propagandistyske wearde.