Koreaanske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: nl:Koreaanse Oorlog
ferw. en lyts guod
Rigel 3:
 
== Eftergrûn ==
Korea hie sûnt [[1905]] troch [[Japan]] beset wêst. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] wie it noardlike part troch de [[Sowjet-Uny]] beset en it súdlike troch de [[Feriene Steaten]]. De 38e breedtegraad foarme de grins tusken beide Korea's. De besetters wienen oerienkomd dat beide lannen werienige wurde soene ta ien Korea. Lykwols waard nei de ein fan de besetting troch de twa grutte mogendheden yn Noard-Korea in kommunistysk rezjym ynsteld en krige Súd-Korea in mear demokratysk bestjoer. Noard-Korea waard stipe troch de Sowjet-Uny, wylst Súd-Korea troch de Amerikanen oan har lot oerlitten waard. Dêrom besluetbesleat de Noardkoreaanske regearingslieder [[Kim Il Sung]] om it suden te oermasteren.
 
== It ferrin fan de Kriich ==
Op [[25 juny]] [[1950]] brútsbruts de kriich út doe't Noardkoareaanske troepen [[Súd-Korea]] binnen foelen. De [[feilichheidsrie]] fan de [[Feriene Naasjes]] naam in resolúsje oan dêr't de leden yn oantrune waarden Súd-Korea te stypjen. Dat koe lykwols net ferhinderje dat de Noardkoreanen yn septimber 90% fan Súd-Korea yn hannen hienen. De striidkrêften fan de Feriene Naasjes, dy't benammen gearstald wienen út [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] ienheden en ûnder befel stienen fan generaal [[Douglas MacArthur|MacArthur]] (nei april 1951 fan [[Ridgway]]), fierden ferfolgens lanningen út yn de rêch fan it Noardkoreaanske leger, dat fuort dêrop ynstoarte. [[Sina|Sineeske]] frijwilligers kamen de Noardkoreanen te help. En tegearre dreauwendreaunen sy de troepen fan de Feriene Naasjes tebek. De striid lokalisearre him dêrnei om de 38ste breedtegraad hinne.
 
Op [[10 july]] [[1951]] waard begûn mei ûnderhannelingspetearen oer in [[wapenstilstân]] dy't pasearst op [[13 juny]] [[1953]] ta oerienstimming liedelate. By it front lâns waard in [[demarkaasjeline]] fêststeld, dy't foar Súd-Korea geunstiger wie as de 38ste breedtegraad.
 
== Gefolch ==
It lân wie troch de oarloch yngreven ferwoaste. Oan Súdkoreaanske side sneuvelen 450.000 soldaten en by de Noardkoreanen 1.3 miljoen. Neffens de wapenstilstânoerienkomst soe in politike konferinsje folgefolgje, dêr't oer deit byinoar werienigingbringen fan it lân yn beslist wurde moast. De konferinsje wie in jier letter, mar smiet gjin resultaten op.
 
== Keppeling om utens ==