Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Foto's wiskje?
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 172:
No hie ik juster in tal printsjes krige te brûken, mar men woe efterôf de fotograaf der by neamd hawwe. Ik haw dêrom nochris de oprintsjes oanbean, mar no mei de namme fan de fotograaf der by. Hoe kin ik dy earst oanbeane printsjes fuortsmite, sadat by dûbelklikken foar besikers alinnich de ferzje mei de fotograaf der by te sjen is? "k Haw by ien ek al in wiskwarskôging setten, mar liket net folle út te heljen. Wa't it wit mei it ek sels dwaan. --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 3 feb 2010, 15.15 (CET)
: Wêr moat dy fotograaf by? Is dit wat oars as de ôfbyldside oanpasse om dy namme der by te skriuwen? En wat soe dan wei moatte? [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 4 feb 2010, 23.38 (CET)
::At jo de foto dûbelklikke steane der by de triemskiednis twa oanbeane ferzjes. By "Omskriuwing" stiet dan net wa't de fotograaf is ( http://fy.wikipedia.org/wiki/Ofbyld:JHBM_Max_de_Matze-1.jpg ) , mar wol by de lêst oanbeane ferzje) Underoan by de tekst fan triemskiednis stiet dat al. Wa't dwers wol, en sokken ha je altiten, kin letter sizze dat by it ôfbyld gjin fotograaf stiet. Doe't ik de earste kear de foto oanbean stie der noch gjin fotograaf by neamd omdat dy doe foar my ûnbekend wie. Doe ha'k de foto nochris opladen mei de namme fan de fotograaf der by, yn de hoop dat dy, de earste foto oerlaapje soe en de earste fuort wie. (de minsken fan dit museum hawwwe it der trouwens net wer oer hân ). Dêrom tocht dat it better wêze soe om de earst oanbeane foto+tekst te wiskjen.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 5 feb 2010, 09.24 (CET)