Jeanne Bieruma Oosting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
''''
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stjerdei
Rigel 1:
'''Adriana Johanna Wilhelmina Bieruma Oosting''', of '''Jeanne Oosting''', ( [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[5 febrewaris]] [[1898]] - [[Almen]], [[15 july]] [[1994]] ) wie in tekenaresse en grafysk keunstneresse.
 
Se krige har oplieding oan de Keunstniverheidsskoalle fan Haarlim, Albert Roelofs, de Akademy foar Byldzjende keunsten yn [[De Haach]]; yn [[Parys]] Stanley Hayter en Buckland Wright. Hja wenne yn Amsterdam en wurke yn Nederlân, [[Itaalje]], [[Frankryk]] en [[Spanje]]. Hja wie ien fan de earste Nederlânske keunstners dy't sels mei de lithotechnyk eksperimintearre. Fan grutte betsjutting foar har ûntwikkeling en status as fernijer is n lang tahâlden yn Parys (1929–1940) dêr't se nei de la Grande Chaumiere gie. Jeanne Oosting heart mei Charlotte van Pallandt en Ro Mogendorff, Kees Verwey, Paul Citroen en Carel Willink, ta de generaasje fan 1900, de keunstners dy't berne binne yn de tiid fan wat de 'wending' neamd wurdt, de omslach fan de njoggentjinde-ieuske keunst nei de moderne kunst.