Jeanne Bieruma Oosting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stjerdei
ferw.
Rigel 3:
Se krige har oplieding oan de Keunstniverheidsskoalle fan Haarlim, Albert Roelofs, de Akademy foar Byldzjende keunsten yn [[De Haach]]; yn [[Parys]] Stanley Hayter en Buckland Wright. Hja wenne yn Amsterdam en wurke yn Nederlân, [[Itaalje]], [[Frankryk]] en [[Spanje]]. Hja wie ien fan de earste Nederlânske keunstners dy't sels mei de lithotechnyk eksperimintearre. Fan grutte betsjutting foar har ûntwikkeling en status as fernijer is n lang tahâlden yn Parys (1929–1940) dêr't se nei de la Grande Chaumiere gie. Jeanne Oosting heart mei Charlotte van Pallandt en Ro Mogendorff, Kees Verwey, Paul Citroen en Carel Willink, ta de generaasje fan 1900, de keunstners dy't berne binne yn de tiid fan wat de 'wending' neamd wurdt, de omslach fan de njoggentjinde-ieuske keunst nei de moderne kunst.
 
Oosting makke sa'n 150 boekmerken, ûntwurp bernepostsegels en yllustrearre ûnder oare [[Edgar Allan Poe|Poe]] en [[Charles Baudelaire|Baudelaire]]. Har skilderingen wienen meastal lânskippen, ynterieurs en stillibben. Bieruma Oosting mocht graach bisten tekenje, ( bygelyks yn it sirkus ). Se hie in libbene geast mei fantasij en gefoel foar it eigentiidske. Wylst har wurk yn oaljeferve yn in tradisjonele styl skildere is, binne hat akwarellen en grafiken folle frije en ekspressiver. Dêrfoar keas Jeanne ûnderwerpen as it nachtlibben, de selskant fan it bestean en de teaterwrâld, dy't se opdie yn Parys. Dêrneist drukte se eangsten en fisioenen út yn har wurk.
 
Hja wie lid fan 'Arte et Amicitiae' te Amsterdam, de Hollandse Aquarellisten Kring en fan 'De Grafische'.