Ferskil tusken ferzjes fan "George fan Lalaing, greve fan Rennenberch"

ferw.
(fan nl:)
 
(ferw.)
Op foardracht fan [[Willem fan Oranje]] waard hy yn 1577 beneamd ta [[steedhâlder]] fan de neamde noardlike gewesten. Hy besocht de gewesten, binnen it ramt fan de [[Pasifikaasje fan Gint]], foar it roomske leauwe te behâlden.
 
Op [[3 maart]] [[1580]] rûn de greve fan Rennenberg oer nei kening [[Filips II fan Spanje|Philips II]]. Hy besocht de katoliken wol mei wat súkses foar him te winnen, mar yn de noardlike Nederlannen wienen dy fierstente swak. It oerrinnen fan Rennenberg ferskerpe de al besteande polirisaasje frijwat. Katoliken waarden tenei binnen de [[Uny fan Utert]] wantroud. Foaroansteande katoliken hiene dêrnei nog mar kar út twa alternativen: harren foaroansteande posysje opjaan, of oergean nei de kalvinistysk oriïntearre [[Nederdúts GereformeardeGrifformearde Tsjerke (letter Nederlânsk Herfoarme tsjerke)]].
 
De greve fan Rennenberg ferstoar yn 1581. As opfolger waard troch Philips II [[Francisco Verdugo]] beneamd, de lêste Spanjert dy't ea dy posysje (oant [[1594]]) beklaaie soe, mar nea erkend waard troch de opstannelingen. Greve [[Willem Loadewyk fan Nassau]] waard troch de opstannelingen yn [[1584]] as tsjinsteedhâlder beneamd, en soe dit oant syn dea yn [[1620]] bliuwe.
 
== It Ferrie fan Rennenberg ==
Yn de Nederlânske skiednis wurdt sprutsen fan it "Ferrie fan Rennenberg". Rennenbergs situaasje wie lykwols wat mear komplisearre as dy fan gewoane "ferrieder". In protte katoliken yn de Nederlannen hienen yn it earstoan de pasifikaasje[[Pasifikaasje fan Gint]] fan herte ûndersteund, yn de hoop dat hjirmei in fersoening tusken katolyk en protestant ûntstean soe. De ûndefining wie lykwols al, dat yn in protte stêden de goed organisearre kalvinisten, sadree't se ien finger krigen, de hiele hân namen. Yn ûnder mear [[Brugge]], [[Gint]] en [[Brussel (stêd)|Brussel]] hienen de kalvinisten de macht oernomd en wie de posysje fan de restearjende katoliken tige prekêr woarn, yn striid mei wat yn de Pasifikaaje bepaald wie. Doe't Rennenberg besluet nei de Spaanske side oer te gean, waard hy dêryn fan herte stipe troch it roomske [[Grins (stêd)|Grinzer]] stedsbestjoer.