Ferskil tusken ferzjes fan "Freeska Landriucht"

gjin bewurkingsgearfetting
#Prolooch Kêsten en Lânrjochten (f 31r - f 31v).
#Fjouwerentweintich Lânrjochten: pan-Fryske rjochtstekst (f 31v - f 40r).
#Acht ''doemen'': acht bepalings oangeande fâdij, minderjierrigens, pacht en erfrjocht (f 40v - f 42v).
#Seis ''wenden'': gefallen wêryn't net mei in eed frijsward wurde koe (f 42v - f 43r).
#Syndrjocht: algemien Aldwestfrysk geastlik rjocht, op guon plakken besibbe oan it Alde Skeltariucht (f 43v - f 47r; cf. f 47r - f 51v).
#Jongere ''Skeltariucht'' (f 52r - f 61r).
#Willekeuren fan de Fiif Dielen: boetebepalings foar de Fiif Dielen fan Westergoa: Barradiel, Frjentsjerteradiel, Hinnaarderadiel, Baarderadiel, Menameradiel (f 61r - f 63v).
#''Bireknada Bota'': Aldwestfryske boetebepalings (f 63v - f 71v).
#Ferhanneling oer muntwearden (f 71v - 72v)
#Rudolfsboek: rjochtsboek, net-terjochte taskreaun oan keizer Rudolf (fan Swaben?) (f 73r - f 83r).
#Merkrjocht: regeling oangeande de kompetinsje fan merkerjochters (f 83v - f 84v).
#''Swarte swengen'': opsomming fan tige slimme fergripen (f 84v - f 85r).
#''Skaakraaf'': opsomming fan soarten berôvings mei de straffen dy't derby hearre (f 85r - f 86r).
#Willekeuren fan de Opstalsbeam: bepalings foar de yn 1323 fannijs inisjearre Opstalsbeamgearkomste dy't yn prinsipe (mar yn de praktyk net) foar hiel Fryslân gou. It giet hjir om in gearkomste dy't hâlden waard op de tiisdei nei Pinkster by de beam op de 'opstal', in mienskiplike weidgrûn, nei alle gedachten súdwestlik fan Aurich (f 86r - f 87v).
#[[Traktaat fan de sân seelannen (1417)|Traktaat fan de sân seelannen]]: opsomming fan de sân Fryske seelannen (f 87v - f 88r).
81

bewurkings