Fjetnamoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
klear, wurk dien
No edit summary
Rigel 14:
Nei in kommunistyske mortieroanfal op de Amerikaanske loftmachtbasis yn it Súdfietnameeske [[Pleikû]], joech presidint [[Johnson]] yn febrewaris [[1965]] it befel Noard-Fietnam te bombardearjen. Yn maaie arrivearren de earste grûntroepen yn Súd-Fietnam, dêr't it tal tsjin de ein fan it jier fan oanwaakse wie ta 180.000. It meastepart fan de soldaten die mei as frijwilliger, mar dat oandiel soe gau ferminderje doe't de kriich eskalearre. It optreden fan de Amerikaanske presidint wie wifeljend. Hy woe de kriich winne, mar sûnder neidielige politike gefolgen. De bombardeminten dêr't hy opdracht foar joech (sawol yn Noard- as Súd-Fietnam), kostje in protte slachtoffers ûnder de boargers. Fierder spile mei dat de Fietkong hieltyd hurder werom begûn te fjochtsjen neigeraden dat it tal bombardeminten tanomd. It die bliken dat in loftkriich allinnich net genôch wie. Tsjin in fijân dy't oeral oanwêzich is en himsels sûnder probleem fermomme koe as boarger is it dreech fjochtsje.
 
Tusken [[1965]] en [[1968]] waard de Amerikaanske oanwêzigens hieltyd fierder opboud en begûn de kriich oare foarmen oan te nimmen. Behalve offinsive bombardeminten moasten de hieltyd swierder wurdende oanfallen fan de Fietkong tsjin hâlden wurde. Dêrfoar moast it oantal soldaten noch fierder opfierdútwreide wurden. It tal rûn op oant 536.000 troepen yn 1968. Wienen de Amerikaanske slachtoffers yn 1965 noch mar 636, dat oantal wie yn 1968 oprûn ta goed 30.600 Amerikaanske deaden. De Amerikaanske media wie ynearsten posityf west oer de Fietnamkriich, mar rûn 1966 en 1967 begûn sy in krityske toan oan te slaan, doe't sy yn dyde tiidgaten krigen dat de kriich eskalearre. Meardere kranten en de grutte tv-senders begûn fragen te stellen oer Johnson'sde Fietnam-polityk te opsicht fan Fietnam. Dêrneist waard harren berjochtjouwing hieltyd minder naukeurich, wêrtroch de yndruk waard wekt waard dat Amerikaanske soldaten grouwélige moarden pligen, en gjin oerwinnings mear behelle waardenkoenen, en dat Amearika yn hopeleaze kriich fersyld rekke wie. It publyk reageare ûntset op it grutte tal deaden en wûnen. enHieltyd troch yn hieltyd gruttegruttere oantallen temanlju wegerjenwegeren yn militêre tsjinst te gean. Dêrtroch waard de Amerikaanske regearing twongen om mear minsken, fral earmen en swarten sûnder konneksjes, om yn tsjinst te gean; de riken koenen makliker de tsjinst ûntrinnen. Dat joechsette in soad kwea bloed. Tusken 1967 en 1971 stige it persintaazje minsken dat tsjinst wegere op morele grûn fan 8% nei 43%.
 
De resultaten wienen min en ein 1968 begûn it saneamde [[Tet-offinsyf]] fan de NLF en Noardfietnameeske troepen op de ferneamste stêden en bases yn Súd-Fietnam. De Amerikaanske ferliessifers rûnen op. It Tet-offinsyf soe it kearpunt yn de kriich wurde. Foar dat offinsyf foarfoel hienen de Amerikanen it idee dat in oerwinning op de Noardfietnamezen mooglik wie, dêrnei waard allinnich noch mar neitocht op hokker wize weromlûken sûnder gesichtsferlies mooglik wie. Het Tet Offinsyf makke in ein oan de eskalaasje fan de Fietnamkriich en foarme it begjin fan de besikings fan Amearika om har werom te loken út de kriich. Presidint Johnson ferkleare dat hy ree wie om fredesbesprekkings te hâlden mei de Fietkong en dat er him net wer ferkiesber stelle soe foar de presidintsferkiezings fan dat jier.
Rigel 20:
[[Ofbyld:Vietnam peace agreement signing.jpg|thumb|right|250px|Undertekening fan it fredesakkoard yn Parys]]
 
Yn juny 1969 makke de nije presidint [[Nixon]] bekend dat gau in begjin makke wurde soe mei it weromloeken fan de Amerikaanske troepen út Súd-Fietnam en mei 'fietnamisearing' fan de kriich (feitlik in weromkear ta de boargerkriich). Yn maart 1972 wienen der noch 60.000 man Amerikaanske grûntroepen oerbleaun dy't net mear oan de gefjochtshandelingen meidienen. Wol waarden de bombardeminten op Noard-Fietnam yn desimber 1971 troch de Amerikanen ferfetsje en yn april 1972 útwreide. Yn opdracht fan Nixon fûn fan 18 oant 30 desimber mânske bombardeminten foar op de grutte Noardfietnameeske stêden.
 
Op [[23 jannewarsjannewaris]] [[1973]] waarden troch [[Kissinger]] en troch de Noardfietnameeske ôffurdige [[Le Duc Tho]] de saneamde ''Akkoarden fan Parys'' sletten, dêr't offisjeel in ein mei kaam oan de Fietnamkriich. It weromloeken fan de lêste Amerikaanske troepen einige yn maart 1973.
 
== Neisleep ==