Koreaanske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Almabot (oerlis | bydragen)
Rigel 6:
 
== It ferrin fan de Kriich ==
Op [[25 juny]] [[1950]] bruts de kriich út doe't Noardkoareaanske troepen [[Súd-Korea]] binnen foelen. De [[feilichheidsrie]] fan de [[Feriene Naasjes]] naam in resolúsje oan dêr't de leden yn oantrune waarden Súd-Korea te stypjen. Dat koe lykwols net ferhinderje dat de Noardkoreanen yn septimber 90% fan Súd-Korea yn hannen hienen. De striidkrêften fan de Feriene Naasjes, dy't benammen gearstald wienen út [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] ienheden en ûnder befel stienen fan generaal [[Douglas MacArthur|MacArthur]] (nei april 1951 fan [[Ridgway]]), fierden ferfolgens lanningen út yn de rêch fan it Noardkoreaanske leger, dat fuort dêrop ynstoarte. [[Sina|Sineeske]] frijwilligers kamen de Noardkoreanen te help. En tegearre dreaunen sy de troepen fan de Feriene Naasjes wer tebek. De striid lokalisearre him dêrnei om de 38ste breedtegraad hinne.
 
Op [[10 july]] [[1951]] waard begûn mei ûnderhannelingspetearen oer in [[wapenstilstân]] dy't earst op [[13 juny]] [[1953]] ta oerienstimming late. By it front lâns waard in [[demarkaasjeline]] fêststeld, dy't foar Súd-Korea geunstiger wie as de 38ste breedtegraad.