Wrâldhannelsorganisaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: eu:Merkataritzaren Mundu Erakundea; tekstwiziging
Rigel 5:
[[Nederlân]] is aktyf belutsen by it ûnderhanneljen. De steatssekretaris fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken is de ferantwurdlik bewâldspersoan.
 
== Algemien ==
De Wrâldhannelsorganisaasje waard stifte op [[1 jannewaris]] [[1995]] en komt fuort út de General Agreement on Tariffs and Trade (de GATT, ''Algemiene Oerienkomst oer Tariven en Hannel'') dy’t yn [[1947]] yn Genêve ûndertekene waard troch 23 lannen. It haadkantoar fan de Wrâldhannelsorganisaasje stiet ek yn Genêve.
 
It wurk fan de WTO leit op it mêd fan it befoarderjen fan ynternasjonale hannel, it oplossen fan hannelskonflikten en it opheffen fan hannelsbarriêres. De kearnfilosofy fan de organisaasje is dat ynternasjonale hannel de bêste en fluchste wize is om de wrâld tieriger te meitsjen en dat dêrom alle tûkelteammen foar de ynternasjonale frijhannele fuorthelle wurde moatte.
Rigel 12:
Mei 149 lidsteaten en tritich aspirant-leden, fertsjintwurdige de WTO yn [[2002]] 95% fan de wrâldhannel. Tweintich moanne nei de stifting fan de WTO wienen der al 122 lidsteaten. No, yn [[2009]], binne der al 153 lannen dy’t oan de ynternasjonale hannel meidogge en binne der 30 aspirant-leden.<ref>[http://www.wto.org/english/thewto_e/whatis_e/tif_e/org6_e.htm Members and Observers], WTO (sjoen op 9 desimber 2009)</ref>
 
Lidsteaten fan de WTO moatte harren hâlde oan de easken dy’t stelt binne yn it WTO-akkoard. Dit akkoard giet oer de hannel yn guod, tsjinsten en aspekten fan yntellektueel eigendom. WTO konsintrearret syn warberens om sechtsjin saken. Dit binne lânbou, konkurrinsje, ûntwikkelingslannen, subsydzje en dumping, hannel yn tsjinsten, miljeu, yndustryguod, TRIP’s (yntellektueel eigendom), ynvestearrings, oerheidsoankeapen, hannelsstipe, technyske hannelsbehindering, oplossen fan skelen, nije lidden, WTO-regels en konkurrinsje en hannel.<ref>[http://www.ez.nl/Onderwerpen/Internationaal_Ondernemen/WTO/Achtergrond WTO - Achtergrond], Ministearje fan Ekonomyske Saken (sjoen op 9 desimber 2009)</ref>
 
== GATT ==
De WTO komt fuort út de eardere GATT, dat nea as doel hie in organisaasje wêzen, mar inkeld as in ferdrach dat ûnderbrocht wurde soe ûnder de [[Ynternasjonale Hannelsorganisaasje]] (ITO, International Trade Organization). De GATT bleaun nei it falen fan de ITO in wichtige platfoarm foar it ûnderhanneljen oer it werombringe fan ynfierbehindering yn de foarm fan dûanetariven. Yn de tiid fan de Urûgûay-omgong is de WTO stifte, omdat de GATT net langer foldie. Fan it begjin ôf waarden by de GATT lânbou, grûnstoffen en tsjinsten bûten beskôging litten. Boppedat wie der gjin rjochtbank of soks sawat om oertrêdings oan te pakken. It wie in multylateraal ferdrach, dat der waard allinnich aksje ûndernaam as alle lidsteaten dat woenen. De GATT is dan ek ien fan de ûnderlizzende WTO-ferdraggen. Nije liberalisearrings oer tsjinsten, yntellektuele eigendomsrjochten en ynvestearrings, koenen net behannele wurde yn de GATT. Dêr wienen ôfsûnderlike ferdraggen foar, bygelyks de GATS. Mei it stiften fan de WTO waarden dizze ferdraggen gearfoege en koe in lidsteat net langer it iene ferdrach al, mar it oare ferdrach net ûndertekenje. Mei it ûndertekenjen fan it nije stiftingsferdrach fan de WTO ferplichten de lidsteaten harren ta alle ferdraggen en wurde sûnt dy tiid al dizze ferdraggen as ien beskôge.
 
== Underhannelingsomgongen ==
De WTO is eins in fêst ûnderhannelingsplatfoarm, mei it haadkantoar yn Genêve, dat wol in staf en in burokrasy hat, en is dus in organisaasje lykas de ITO bedoeld hie. Underhannelings oer hannelsliberalisearings fine plak yn saneamde ‘omgongen’.
 
Rigel 37:
Alle twa jierren komme de lidsteaten in kear byelkoar yn it ramt fan dizze omgongen; dat binne de Ministeriële Konferinsjes. Der wurdt dan besocht ta mienskiplike regels te kommen oer nije liberalisearings fan hannel en it werombringen fan behinderings foar hannel. De Ministeriële Konferinsje is it wetjouwende orgaan fan de WTO en dêrmei is de WTO dus in organisaasje dy’t rigels foarskriuwt en wetten makket dêr't syn leden harren oan hâlde moatte.
 
== Ferskillen mei de GATT ==
It ferskil fan de WTO mei de GATT is benammen in grutter ynternasjonaal skriuwerskip, 629 meiwurkers<ref>[http://www.wto.org/english/thewto_e/secre_e/intro_e.htm Overview of the WTO Secretariat], WTO (sjoen op 9 desimber 2009)</ref>, it tal sektoaren dêr't oer ûnderhannele wurdt, en de mûglikens binnen de WTO foar lidsteaten om oare lidsteaten oan te kleie fanwegen it oertrêden fan WTO-regels. De WTO hat dêr in skelekommisje foar, de Dispute Settlement Body. By dit orgaan kinne lidsteaten ôftwinge dat nije hannelsbehinderings ûngrûndearre ferklearre wurde, wêrnei’t se tsjinmaatregels nimme meie yn de foarm fan rjochtfeardige hannelsbehinderings ta hichte fan in beskaat bedrach. By de GATT wie der ek in skelekommisje, mar útspraken hjirfan koenen blokkearre wurde en wienen minder yngeand.
 
== Beslútfoarmjen ==
Yn de struktuer fan de WTO nimme de lidsteaten besluten oer it liberalisearjen fan de hannel dy’t jilde moatte foar alle leden. De WTO is eins in foarum.
 
Rigel 51:
Tariedend op de Ministeriële Konferinsjes binne der yn it ferline minykonferinsjes hâlden, dêr’t troch hegere ôffeardigen fan in beskaat groepke lidsteaten oer de ûntwerpteksten ûnderhannele waard. Dit hat plak as de minsken yn Genêve sels der net út komme en der gjin oerienstimming is oer in ûnderhannelingstekst foar de Ministeriële Konferinsjes.
 
== Krityk ==
[[Ofbyld:WTO Ministerial Conference 2005 Protest.jpg|thumb|right|Protesten by de WTO-gearkomste yn [[2005]] yn [[Honk Kong]].]]
 
Rigel 64:
Dêrnjonken komt soks ek foar by de skelekommisjes. Dy kommisjes meitsje binende ôfspraken en kinne bekeurings oplizze fan hûnderten miljoenen euro’s. In soad lannen kinne sokke hege bedragen net betelje, of hawwe de kennis net om in saak ta te riede. Boppedat soenen guon kommisjeleden dûbele belangen hawwe yn guon saken. <ref name="stelling.nl" />.
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.wto.org/ Webstee fan de Wrâldhannelsorganisaasje] {{noat|Ingelsk, Frânsk en Spaansk}}
* Nederlânske Ministearje fan Ekonomyske Saken, [http://www.wto.ez.nl/ WTO] {{noat|Nederlânsk}}
Rigel 73:
<references/>
}}
 
[[Kategory:Hannel]]
 
Line 93 ⟶ 94:
[[es:Organización Mundial del Comercio]]
[[et:Maailma Kaubandusorganisatsioon]]
[[eu:Mundu Merkataritzaren Mundu Erakundea]]
[[fa:سازمان تجارت جهانی]]
[[fi:Maailman kauppajärjestö]]