Jac. P. Thijsse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
sa earst mar, fan nl.
Rigel 1:
{{wurk}}
 
[[Ofbyld:Jac. P. Thijsse.jpg|thumb|right|200px|''Jac. P. Thijsse'']]
'''Jacobus Pieter Thijsse''' ([[Maastricht]], [[25 july]] [[1865]] – [[Overveen]], [[8 jannewaris]] [[1945]]) wie in [[Nederlân]]sk ûnderwizer, learaar, [[fjildbioloogch]] en [[natoerbeskermer]]. Hy waard meast bekend fan syn natueredukaasje en syn krewearjen foar [[natoerbeskerming]]. Hy skreau in protte boeken, yn't earstoan mei syn freon [[Eli Heimans]] (†1914). Hja skreaunen ûnder oaren in foar leken goed te brûken [[flora (boek)|flora]] (1899), dy't noch hieltyd te krijen is.
 
==Libbensrin==
Thijsse waard berne as soan fan in beropssergeant fan de infantery Jacobus Thijsse, en Catharina Johanna Priester. Hwaard grut yn [[Grave]], [[Woerden]] en [[Amsterdam]]. Thijsse folge op de [[Pedagogyske akademy foar it basisûnderwiis|kweekskoalle]] de oplieding ta ûnderwizer en krige in soad niget oan de natoer; dat wie bysûnder yn dy tiid. Op dy skoalle moete er ek syn lettere frou Helena Christina Petronella Bosch (10 maart 1867 - 5 maaie 1938). Thijsse waard ûnderwizer oan de [[Frânske Skoalle]] yn [[Den Burg]] op [[Tessel]]. Hy keas foar Tessel omdat er út it [[proefskrift]] fan [[Franciscus Holkema]] oer de flora fan de Noardsee-eilannen wist dat dêr in protte bysûndere flora en fauna te finen wie. Doe't er beneamd wie krige er Holkema's boek kado fan [[Coenraad Kerbert]], syn learaar [[natuerlike histoarje]].
 
Syn oansteande frou woe net op Tessel wenje, dat yn [[1892]] gie er dêr wer fuortwei. Thijsse skreau letter oer Tessel: "Al heb ik er maar twee en een half jaar gewoond, Texelaar zal ik blijven tot het eind." Hy waard doe ûnderwizer yn [[Amsterdam]]. Yn Amsterdam moete er [[Eli Heimans]]. Beide hiene deselde passy foar de natoer. Thijsse dêroer: "Wij pasten precies bij elkaar en hebben twintig jaar lang zo samengewerkt." Tegearre setten sy útein mei it skriuwen fan de rige "Van vlinders, bloemen en vogels." It earste dieltsje ferskynde yn 1894; oant [[1901]] folgen noch fiif oare dielen. De boekjes wiene ornearre foar de skoallejeugd, dy't oantrune waard om de natoer yn de gean en sels waar te nimmen, dat wie it fernijende yn harren oanpak.
 
Yn 1896 rjochten se yn'e mande mei J. Jaspers jr. it [[tydskrift]] ''De levende Natuur'' op, dat noch altyd bestiet, al is de ynhâld wol behoarlik feroare. Yn dit "tijdschrift voor de natuursport" waarden allerhanne natuerferskynsels en waarnimmingen beskreaun.
 
Yn 1899 ferskynde ''[[Heimans, Heinsius en Thijsse's geïllustreerde flora van Nederland]]'', dat yn tsjinstelling ta oare flora's plaatsjes hie en ienfâldige termen brûkte. Alle planten, ôfbylde yn totaal mear as 3400 plaatsjes, wienen troch de auteurs neitekene. Sa koe de begjinner los. De
 
Om 1900 wienen Thijsse en Heimans belutsen by de oprjochting fan:
*[[Feriening Natuermonuminten|''Vereniging tot Behoud van Natuurmonumenten in Nederland'']] (yn't koart 'Natuurmonumenten')
*"Nederlandsche Natuurhistorische Vereeniging", letter de [[Keninklike Nederlânske NatuerhistoaryskeeNatuerhistoaryske Feriening]]
*"[[Nederlandse Ornithologische Vereniging]]", letter de "[[NederlandscheNederlânske OrnithologischeOrnitologyske UnieUny]]".
 
Yn 1901 waard Thijsse learaar oan de kweekskoalle. Hy krige lykwols [[pleuritis]] en moast mei ién [[long (orgaan)|long]] fierder troch it libben.
Line 27 ⟶ 25:
* ''Nederlandsche vogels'' (1935)
 
Lange tiid wienen dit de iennichste Nederlânsktalige boeken dy't f^gelleafhawwersfûgelleafhawwers ta harren foldwaan hienen.
Yn 1965 ferskynde it lêste album fan Thijsse, postúm, yn de rige Verkade-albums: ''Vogelzang''.
 
Line 38 ⟶ 36:
==Natuermonuminten==
Yn 1905 werd "[[Vereniging Natuurmonumenten|Natuermonuminten]]" oprjochte. Dizze feriening ûntstie nei't de [[gemeente Amsterdam]] plannen bekend makke om in [[stoart]] te begjinnen yn it [[Naardermar]]. Heimans en Thijsse setten in breed ferset op oaoten tsjin dy plannen. It stoart gie net troch, mei út reden fan de hege kosten. Om it gebiet te beskermjen woene Heimans en Thijsse it keapje. Dat hat laat ta it oprjochtsjen fan "Natuurmonumenten" op 22 april 1905. It Naardermar koe yndie oankocht wurde mei help fan [[obligaasje]]s. It wie it earste Nederlânske natuerreservaat. Thijsse waard sekretaris fan Natuermonuminten en bleaun dat oant syn ferstjerren.
 
==Politike naïviteit==
Neffens skoandochter, A. Thijsse-van Niftrik wie Thijsse in wat soarchleaze en tige freonlike persoan. Hy joech noait in ûnfoldwaande by in eksamen. Mar krityk wie der ek: Thijsse wie aardich foar eltsenien.
 
Flak nei de Dútske ynfal moast rektor dr. A. de Vletter fan it Kennemer Lyseum syn plak ôfstean oan de [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]]'er R.Kuitert. Thijsse priizge de nije man en fûstke tige hertlik mei him. Dat kaam him op in soad krityk fan kollega's te stean. yn novimber '41 die syn politike ûnnoazelens wer bliken doe't er nei in resepsje by de NSB-boargemaster Zigeler fan Bloemendaal gie. Rektor de Vetter wie der min oar te sprekken sa't bliken die út in nei de oarloch ferskynd pamflet: "Wat had Thijsse daar te zoeken? Helemaal niets!"
 
De argivaris fan it Kennemer Lyseum, J.Römelingh, ferklearre it gedrach fan Thijsse, yn Haarlems Dagblad yn 1995, út syn naïviteit. "Hij was een heel aardige man, dus ook tegenover de bezetter. Niet dat hij fout was, maar hij vatte de toestand gewoon niet zo ernstig op."
 
== Delgeande sûnens ==
Yn de [[Twadde Wrâldkriich|kriich]] waard Thijsses sûnens minder, mar hy foltôge noch al in boek oer de Nederlânske natuerbeskerming: "Natuurbescherming en landschapsverzorging in Nederland". It ferskynde postúm. Totaal skreau er yn it tiidrek 1890 - 1945 sa'n 45 boeken en sirka 2000 artikelen.
Koart nei de jierwikseling yn 1945 stoar er yn de âldens fan 79 jier. Thijsse leit begroeven op de Algemene Begraafplaats oan de Bergweg yn Bloemendaal.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Rinke Tolman - ''Dr. Jac. P. Thijsse, een groot Nederlander'' (Utert 1940)
* J. P. Verkaik e.a. - ''Jac. P. Thijsse, een leven in dienst van de natuur'' (Sutfen 1995)
* 'Het onbekommerde genie Jac.P.Thijsse - Herinneringen aan een begenadigd schrijver en unieke leraar', Haarlems Dagblad zaterdagsneon 3 junijuny 1995
* Jos Rietveld - ''De vogelboeken van Thijsse'' yn: Tijdschrift Boekenpost nr. 72 (july/augustus 2004) en yn: Tijdschrift Het Vogeljaar, jrg. 52, nr. 5 (2004), s. 210 - 214
* Sietzo Dijkhuizen, ''Jac.P.Thijsse - Een biografie'', 2005.