Jac. P. Thijsse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw wat tikflaters ferbettere.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jac. P. Thijsse.jpg|thumb|right|200px|''Jac. P. Thijsse'']]
'''Jacobus Pieter Thijsse''' ([[Maastricht]], [[25 july]] [[1865]] – [[Overveen]], [[8 jannewaris]] [[1945]]) wie in [[Nederlân]]sk ûnderwizer, learaar, [[fjildbiolooch]] en [[natoerbeskermer]]. Hy waard meast bekend fan syn natoeredukaasje en syn krewearjen foar [[natoerbeskerming]]. Hy skreau in protte boeken, yn't earstoan mei syn freon [[Eli Heimans]] (†1914). Hja skreaunen ûnder oaren in foar leken goed te brûken [[floara (boek)|floara]] (1899), dy't noch hieltyd te krijen is.
 
== Libbensrin ==
Rigel 7:
Syn oansteande frou woe net op Tessel wenje, dat yn [[1892]] gie er dêr wer wei. Thijsse skreau letter oer Tessel: "Al heb ik er maar twee en een half jaar gewoond, Texelaar zal ik blijven tot het eind." Hy waard doe ûnderwizer yn [[Amsterdam]]. Yn Amsterdam moete er [[Eli Heimans]]. Beide hiene deselde passy foar de natoer. Thijsse dêroer: "Wij pasten precies bij elkaar en hebben twintig jaar lang zo samengewerkt." Tegearre setten sy útein mei it skriuwen fan de rige "Van vlinders, bloemen en vogels." It earste dieltsje ferskynde yn 1894; oant [[1901]] folgen noch fiif oare dielen. De boekjes wiene ornearre foar de skoallejeugd, dy't oantrune waard om de natoer yn te gean en sels waar te nimmen, dat wie it fernijende yn harren oanpak.
 
Yn 1896 rjochten se yn 'e mande mei J. Jaspers jr. it [[tydskrift]] ''De levende Natuur'' op, dat noch altyd bestiet, al is de ynhâld wol frijwatkfrijwat feroare. Yn dit "tijdschrift voor de natuursport" waarden allerhanne natoerferskynsels en waarnimmingen beskreaun.
 
Yn 1899 ferskynde ''[[Heimans, Heinsius en Thijsse's geïllustreerde flora van Nederland]]'', dat yn tsjinstelling ta oare floara's plaatsjes hie en ienfâldige termen brûkte. Alle planten, ôfbylde yn totaal mear as 3400 plaatsjes, wienen troch de auteurs neitekene. Sa koe de begjinner los.