Sparta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Sparta''' (Gryksk: Σπάρτη) wie eartiids de haadstêd fan Lakoanje yn it âlde Grikelân en wie ieuwenlang ien fan de wichtichste "poleis" (stêdstaten) fan Grikelân....
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 feb 2010 om 22.56

Sparta (Gryksk: Σπάρτη) wie eartiids de haadstêd fan Lakoanje yn it âlde Grikelân en wie ieuwenlang ien fan de wichtichste "poleis" (stêdstaten) fan Grikelân. De stêd lei yn it noarden fan de sintrale Lakoanyske flakte op de Peloponnesos, op de rjochterouwer fan de rivier de Jerotas.

Yn de 10e ieu f. Kr. waard Sparta troch de Dorjers stiften, dy't de oarspronklike befolking ûnderwurpen. De stêdssteat waard oprjochten troch in fiifresom buorsteden en de hiele skiednis lang behâlde Spart it útsjoch fan in samling doarpen. It grûngebiet wie feitlik nochal útstrekt, wol 7700 fjouwerkante kilometer grut. De Spartanen wennen yn tige ienfâldige wenten en beskikten net oer grutte iepenbiere gebouwen.

Yn Sparta draaide alles om kriich en oerhearsking. Alle manlju moasten yn it leger tsjinne en harre hiele libben wie wijde oan de kriichkeunst. Jonges waarden op harren sânde libbensjier by de famylje weihelle om grut brocht te wurden troch de steat. Hjirtroch bouden de Spartanen it meast effektive leger op fan hiel Grikenlân. Spartaanske soldaten stienen bekend om harren moed en dissipline.

Yn de 8e ieu f.Kr. feroveren de Spartanen Lakoanje, it fruchtbere lân om Sparta hinne. Dêrnei besetten sy in njonkenlizzende steat Messenje. Dizze oermasteringen makke fan Sparta ien fan de machtichste stêdsteaten fan har tiid. De Spartanen makken fan eltsenien dy't sy oerwûn heloten of horigen, dy't twongen waarden te wurjen op it lân fan de Spartaanske oerhearskers. De allegeduerigen driging fan in helotenopstân makke fan Sparta in militêre steat. De libbenswize fan de Spartanen wie der op rjochte om de heloten ûnder de knipe te hâlden.

Nei de oerwinning op de Messenjers om-ende-by 550 f.Kr. ferstarre it oant dan bloeiende Sparta ta in kazernesteat. De Peloponnesyske Kriich tsjin Atene waard mar krekt wûn troch de stipe fan de Perzen. De nederlaach tsjin de Tebaan Epaminondas 371 f.Kr. meitsje in ein oan de macht fan Sparta. Yn de hellenyske tiid moast Sparta lid wurde fan de Achaeyske Bûn. Nei 146 f.Kr. waard it stadichoan part fan it Romeinske Ryk. Yn 395 waarde Sparta troch de Fisigoaten ferwoaste.

Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA