Willehad: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Krinkle (oerlis | bydragen)
L Add image from http://tools.wikimedia.de/~emijrp/imagesforbio/
Rigel 1:
[[ImageOfbyld:Bischof Willehad 1.svgjpg|thumb|Biskop right|Willehad]]
[[Ofbyld:Willehad.svg|thumb|Biskop Willehad]]
'''Willehad''' wie in [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] [[misjonaris]] en [[biskop]] út de [[8e ieu]], dy't in soad [[Friezen]] bekeard hat ta it [[Kristendom|Kristlike]] leauwen. Yn syn tiid hie er in soad te stelle mei [[Heidendom|heidenske]] Friezen.
 
Sûnt [[770]] wie Willehad al dwaande, yn de Fryske gebieden, om de heidenen te bekearjen. Oeral stifte er kristlike mienskippen en hy rjochte ek in skoalle op, dêr't bern fan Fryske [[eallju]] in kristlike oplieding krije koenen. Yn [[775]] teach Willehad oer de [[Lauwers]] nei eastlik Fryslân en it deroan grinzende [[Saksen|Sakselân]], dat krekt derfoar troch de [[Franken]] oermastere wie. De omstannichhedens wienen dreech en doe't de Friezen yn [[782]] yn opstân kamen moast er de flecht nimme nei Fryslân westlik fan de Lauwers. Willehad kaam letter werom en krige doe de soarch oer de eastlike Fryske [[goa]]ën, [[Rjustringen]], [[Wangerlân]] en [[Astergoa]]. Dizze gebieten foarmen tegearre it bisdom [[Bremen]], dêr't Willehad oant syn dea yn [[787]] lieding oan joech.
 
== Literatuer ==
* [[D. Kalma]], ''Skiednis fan Fryslân'', (Grou, 1965), side 78.
 
[[kategoryKategory:Hillige]]
[[kategoryKategory:Skiednis fan Fryslân]]
 
[[de:Willehad]]