Ofskieding fan 1834: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat
ferwizings
Rigel 1:
De '''Ofskieding''' wie in ûntwikling yn tsjerklik Nederlân yn de [[19e ieu]], dy't risseltearre yn selstannige grifformearre tsjerken bûten de [[NederlânskNederlânske Herfoarme Tsjerke]].
 
Oan de Ofskieding is in soad foarôfgien. Net eltsenien wie it iens mei sa't yn de tsjerke gie . De [[Universiteit fan Frjentsjer|Hegeskoalle fan Frjentsjer]] levere de dûmny's ôf. Doch as dy earne begûnen, krige de gemeente in preek te hearren wat eins in akademysk dispút wie. Boppedat woe in part fan de gemeente sneins wat oars hearre as wat de dûmny nei foaren brocht.
Rigel 19:
 
===Teloarstelling yn de kening===
Guon hienen ferwachte dat kening [[Willem I fan de Nederlannen|Willem I]] de âlde tsjerke-oarder fan Doardt hanthavenje soe. Mar de kening kaam sels mei in nije tsjerke-oarder. De tsjerke waard út De Haach wei bestjoerd. Boppedat krigen de doarpen sels hieltyd minder ynfloed. It werkommen fan in Oranje hie net opsmiten wat der fan ferwachte wie.
 
===It doarp waard fan bûtenút bestjoerd===
Rigel 31:
 
==Simon Velzen==
Yn 1834 kaam ds. [[Simon van Velzen]] út [[Droegeham]] yn konflikt mei de [[synoade]]. It bûtere al lang net mei de tsjerklike bestjoeren. Van Velzen gie út Herfoarme Tsjerke en waard ôfskieden dûmny yn [[Ljouwert]]. Dit betsjutte dûmny foar hiel Fryslân. As rûnreizgjend dûmny hat Van Velzen syn bêst dien. Der waarden in protte ôfskieden gemeenten troch Van Velzen stifte.
 
Spitichgenôch hie Van Velzen syn persoanlikheid nei mei. Hy moast en soe syn gelyk hawwe. By in protte konflikten hie Van Velzen dan ek gjin skjinne hannen. Van Velzen hie gesach en je moasten út it goede hout snien wêze om wat tsjin Velzen yn te lizzen.
Rigel 40:
 
== Gefolgen ==
De Ofskieding hat in protte teweibrocht. In wie it begjin fan in twaspjalt in guon doarpen. Wol hat de Ofskieding tsjinne as in emansipaasjebeweging yn rjochtsinnige rûnten. Wat opfalt is dat der kontakten west hawwe tusken it [[sosjalisme]] en de ôfskiedenen. Se preken dan foar deselde parochje.
 
[[Kategory:Grifformearde Tsjerke]]