Itty Sluis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 1:
'''Itty Sluis-Nijdam''', [[Akkrum]], [[17 jannewaris]] [[1939]] ), is in Fryske skriuwster út Hylpen.
 
Fan begjin jierren tachtich ôf oant 1995 wurke se as amtner foar de provinsje Fryslân. Har wurk wie altyd yn relaasje mei it [[Frysk]]. Begjin jierren tachtich ferskynden ek koarte ferhalen fan har yn [[Hjir]], [[Trotwaer]] en [[Frysk & Frij]]. Yn 1991 krige se in [[Rely Jorritsmapriis]] foar har ferhaal ‘De spear en de fûgel’. Science fiction (sf) wie oant dan ta noch net sa folle ferskynd yn de Fryske literatuer. Har folgjende boek wie de ferhalebondel ''Wy dûnsje'' út 1997. Ek hjiryn joech Itty Sluis har op fierhinne nije wegen yn de Fryske literatuer, dy fan it surrealisme. Yn 1994 wûn se de troch it Skriuwersboun útskreaune essee-wedstriid, ta gelegenheid fan har 25-jierrich jubileum, mei har essee ‘Park yn Fryslân’. Trije jier letter waard har essee ‘It feest fan de leafde’ bekroane yn de troch Provinsjale Steaten útskreaune essee-wedstriid. It ferskynde yn de troch Durk van der Ploeg redigearre sammelbondel mei bekroande essees ''It obstakel fan ’e ferbylding''. De novelle ''In pleats oan de mar'' út 1999 yn it ljocht befette absurdistyske situaasjes. Yn 2002 skreau Itty Sluis it Fryske boekewike geskink, ''It meunster fan Skylge''.
 
Yn 2003 ferskynde de mânske histoaryske roman oer it libben fan Geertruida (Trui) Christina Jentink, ''Striid sûnder ein''. Trui Jentink wie sosjaal fielend , strid foar emansipaasje en wie troud mei skriuwer/sjoernalist Oebele Stellingwerf.