Olympyske Spullen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "82.92.159.170" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "SieBot".
Rigel 5:
Yn de [[klassike âldheid]] waarden eltse fjouwer jier by [[Olympia]] spullen hâlden ta eare fan [[Zeus]]. Mar earst sûnt [[776 f.Kr.]] waarden de nammen fan de winners byhâlden. De spullen begûnen as yn iendeiswedstriid yn [[hurdrinnen]]. Letter kamen der ek de [[estafette]], it [[fakkelrinnen]], de [[fiifkamp]] ([[diskussmiten]], [[fierspringen]], [[hurdrinnen]], [[spearsmiten]] en [[wrakseljen]]), de [[pankration]], it [[wapenrinnen]], en it [[weinrinnen]] by, en wûksen de spullen ta in wike.
 
De dielnimmers wienen frije Hellenen, en letter ek Romeinen, mar allinnich foar it weinrinnen koenen froulju ynskreaun wurde. Dat froulju ynskreaun wurde koenen woe net sizze dat se sels meidienen: by it weinrinnen waarden de hynders ynskreaun op de namme fan de eigner, net dy fan de stjoerman.
h
 
Yn it jier [[394]] makke [[Teodosius de Grutte]] in ein oan de Klassyke Olympyske Spullen. allohha
 
== Moderne Olympyske Spullen ==
hyDe Moderne Olympyske Spullen wienen in idee fan de Franske baron [[Pierre de Coubertin]] dat er op [[25 novimber]] [[1892]] foar it earst publyk makke. Pas yn [[1894]] waard it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee oprjochhtte. Mar doe gie it hurd, dat wêr De Coubertin tocht hie de earste spullen in [[1900]] yn [[Parys]] te hâlden, waarden yn [[1896]] de earste moderne spullen al organisearre yn [[Atene]]. [[Grikelân]] hie de spullen graach altyd organisearje wollen, mar om it idee fan ynternationale spullen te fersterkjen waarden de spullen eltse fjouwer jier yn in oar lân organisearre.
 
Yn [[1924]] waard yn [[Chamonix]] in Ynternationale Wintersportwike organisearre. Doe't dat in sukses waard, waarden fjouwer jier letter yn [[Sankt Moritz]] de twadde Olympyske Winterspullen organisearre. Oant en mei [[1992]] waarden de beide spullen yn itselde jier hâlden, mar yn [[1994]] waarden wer Winterspullen hâlden, yn [[Lillehammer]] sadat se no krekt út de pas rinne mei de Olympyske Simmerspullen.