Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw destrjitten weromsetten nei dêr't dy earst stienen en dat kaartsje fan Fryslân haw ik mar fuortdien.
ferwizings
Rigel 31:
noch mei sealdak yn 1732 tekene is.]]
De tsjerke is tawijd oan Sint Maarten. Neffens de libbensbeskriuwing fan [[Freark fan Hallum]] moat op it plak earder in tsjerke stien hawwe. Hjiryn wurdt beskreaun dat de pommeranten fan Hallum rûzje hienen. Dat moast útfochten wurde. In part flechte de tsjerke yn. De oaren wisten dêr wol rie op en stieken de tsjerke yn 'e brân. It âldste stik is de oanbou oan de noardkant. Letter hat dêr, nei't der wol tocht wurdt, it alter fan de fikarus, kapelaan, stien. Op dizze oanbou stie in tuorke, yn 'e folksmûle 'De lytste toer' neamd. Dêr kin it oarspronklike angelusklokje yn hongen hawwe. Dizze oanbou kin om 1100 hinne boud wêze as tsjerke.
Der kaam ek in súdlike oanbou. De Hallumers sprekke oer de 'Koarte Gaarde'. Dit is ferbastering fan ''Corps du Garde''. Yn [[Frânske tiid]] wie der in Frânske besetting yn Hallum. De Hallumer toer wie in part fan it seinstelsel dat [[Napoleon]] oer syn hiele ryk brûkte foar it trochjaan fan befellen.
 
Yn [[1804]] wie Hallum yn 't nijs. By wurksumheden foel de sealdaktoer yn. It Hinzoargel dat der noch mar sa'n 40 jier stie, waard ferwoaste. De Hallumers gienen oan 'e slach en yn [[1806]] stie de spitse toer, sa as dy der noch stiet, der. Yn [[1811]] spile der wer in nije oargel. Dit is boud troch Joahan Adolf Hillebrand, de masterfeint fan de oargelbouwers Albertus van Gruisen en Soannen. It liket dat der nochal wat oan net yn 'e oarder west hat. Hartdoff en oaren hawwe der faak feroarings oan oanbrocht.
Rigel 43:
== De Grifformearde tsjerke ==
[[Ofbyld:Hallum griff.tsjerke.wiki.jpg|right|thumb|De promininte Grifformearde tsjerke.]]
Yn 1836 waard der troch [[Hendrik de Cock]] in [[Ofskieding fan 1834|ôfskieden]] tsjerke stifte. De gemeente groeide en der waard besletten om in eigen dûmny te beroppen. Dit waard [[Marten Annes Ypma]] fan [[Minnertsgea]]. Der waard ôfpraten dat salang hy noch by [[Tamme Foppes de Haan]] studearre hy 200 gûne traktemint krije soe. As er klear wie, krige er 400 gûne. Yn 1845 wie dat safier. Doe blykte it dat de Hallumers fergetten wienen wat se fersein hienen. Ypma krige in berop fan in emigraasjeferieniging en gie yn 1846 nei Amearika. De Hallumers betochten te let dat it sa net moatten hie.
 
De ôfskieden gemeente is letter mei de ferieniging mei de [[Doleânsje|dolearjenden]] meigien. Yn [[1913]] is de tsjintwurdige tsjerke, ûnder arsjitektuur fan de Grinzer arsjitekt [[Tjeerd Kuipers]] der kommen.
Yn [[1946]] hat in part de [[Grifformearde Tsjerken frijmakke|Frijmakke Grifformearde Tsjerke]] stifte.
 
Yn [[2006]] hat de ferieniging mei de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke|herfoarmen]] plak fûn. De Protestantske Gemeente hat as namme keazen: Prostestantske Gemeente 'Mariëngaarde' nei it eardere kleaster. As motto is der keazen foar wat oan de eardere Hallummer pastoar Freark fan Hallum taskreaun wurdt: 'God loovje en jins brea diele mei wa't it minder hawwe'. De grifformearde tsjerke hjit ''de Hoeksteen''.
 
== De Fermoanje ==