Nes (Noardeast-Fryslân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oer de namme
tikfl.
Rigel 8:
 
== Skiednis ==
In Nes is in útstekkende lânpunt, en komt grif fan it wurd 'noas'. Nes sil dus op in útstekkende lânpunt lein hawwe. It wurdt foar it earst neamd yn [[1369]] as Nesse. Yn [[1453]] wurdt in Pijbe ter Nesma neamd, yn [[1466]] wurdt it skreaun saas Nees. Yn [[1511]] en oare [[16e ieu]]ske kaarten treffe wy de namme Nes(s) oan. It buorskip Nesser Grouw is dan in ûnderdiel fan it doarp.
 
It gebiet is yn de [[12e ieu]] bedike, en de âldste bewenningsresten fûn yn de omkriten fan Nes binne ek fan dy tiid. De markante bakstiennen tsjerke fan it doarp is boud yn de [[13e ieu]].
Rigel 14:
== Nynke fan Hichtum ==
Nes is it berteplak fan de berneboekeskriuwster [[Nynke fan Hichtum]], benammen bekend fan [[De tsien fan Martens Afke]], de earste frou fan [[Pieter Jelles Troelstra]]. Op de hoeke Haadstrjitte /De Kamp stiet sûnt novimber [[1997]] ta oantinken in boarstbyld fan har, makke troch [[Hans Jouta]].
 
== Mienskip ==
Doarpsferiening Nes hat har gearkomsten yn Doarpshûs De Nespel en doarpskrante hjit NesNijs. Der is in aktiviteitenkommisje, in Grienkommisje en in Keatskommisje. De tarissing is de doarpsskoalle.