Sparta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 6:
Yn Sparta draaide alles om kriich en oerhearsking. Alle manlju moasten yn it leger tsjinne en harre hiele libben wie wijde oan de kriichkeunst. Jonges waarden op harren sânde libbensjier by de famylje weihelle om grutbrocht te wurden troch de steat. Hjirtroch bouden de Spartanen it meast effektive leger op fan hiel Grikelân. Spartaanske soldaten stienen bekend om harren moed en dissipline.
 
Yn de [[8e ieu f. Kr.]] feroveren de Spartanen [[Lakoanje]], it fruchtbere lân om Sparta hinne. Dêrnei besetten sy in njonkenlizzende steat [[Messeenje]]. Dizze oermasteringen makke fan Sparta ien fan de machtichste stêdsteaten fan har tiid. De Spartanen makken fan eltsenien dy't sy oerwûnen [[heloaten]] of horigen, dy't twongen waarden te wurjen op it lân fan de Spartaanske oerhearskers. De allegeduerigende driging fan in heloatenopstân makke fan Sparta in militêre steat. De libbenswize fan de Spartanen wie der op rjochte om de heloaten ûnder de knipe te hâlden.
 
Nei de oerwinning op de Messeenjers om-ende-by [[550 f. Kr.]] ferstarre it oant dan bloeiende Sparta ta in kazernesteat. De [[Peloponnesyske Kriich]] tsjin [[Atene]] waard mar krekt wûn troch de stipe fan de [[Perzen]]. De nederlaach tsjin de Tebaan Epaminondas [[371 f. Kr.]] makke in ein oan de macht fan Sparta. Yn de hellenyske tiid moast Sparta lid wurde fan it Achaeyske Bûn. Nei [[146 f. Kr.]] waard it stadichoan part fan it [[Romeinske Ryk]]. Yn [[395]] waard Sparta troch de [[Fisigoaten]] ferwoaste.
 
[[Kategory:Grikelân]]