It Kanaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: zh-yue:英倫海峽; tekstwiziging
No edit summary
Rigel 10:
|oar = [[Ofbyld:Strait of dover STS106-718-28 corr.jpg|250px]]<br />Satellietfoto Nauw van Calais
}}
[[Ofbyld:Strait of dover STS106-718-28.jpg|thumbnail|250px|Nau fan Kales, mei dêrûnder de Eurotunnel.]]
'''It Kanaal''' is de [[seestrjitte]] tusken [[Grut-Brittanje]] en de Jeropeeske fêste wâl, en in ferbining tusken de [[Noardsee]] en de [[Atlantyske Oseaan]]. De middeldjipte fan it Kanaal is sa'n 60m, en healweis, tusken [[Dover]] en [[Kales]], is in trochgong dy't mar 31km breed is, it [[Nau fan Kales]].
 
Rigel 18:
== Tij ==
Om't it tij fan west nei east giet, rint it oan de súdwestkant in Kanaal yn, en wurdt dêrby fuortsterke troch de trachterfoarm fan de seestrjitte. Wat tichter by it Nau fan Kales, wat grutter it tijferskil. In oar gefolch hjirfan is dat benoarden it Nau en yn de súdlike Noardsee it tij letter is as it neffens de geografyske lingte wêze moatte soe.
 
== Eurotunnel ==
Troch de [[Eurotunnel]] tusken Folkestone (Grut-Brittanje) en Sangatte (Frankryk) hat Grut-Brittanje sûnt 1994 in treinferbining mei de rest fan de Europeeske fêstewâl.
 
== Skiednis ==
Yn de lêste iistiid wie de hichte fan it wetter sa likernôch 120 meter leger as hjoed de dei. Dêrtroch lei in grut part fan it kanaal droech, wêrtroch de Britske eilannen mei de fêstewâl ferbûn wienen. Neffens ûndersiken wie der in grutte rivier dy't nei it súdwesten streamde en útmûne yn de Atlantyske Oseaan. Dy rivier wie ûnder oare ferbûn mei de Ryn, Seine en Teems.
 
Doe't it iis fuortteide ûntstie yn it súdlike diel fan de hjoeddeiske Noardsee in grutte swietwettermar. It teiwetter koe net nei it noarden omdat de Noardsee noch hieltyd tichtferzen wie. Sa'n 12.000 jier lyn koe it swietwetter troch it Nau fan Kales yn de Atlantyske Oseaan streame.
 
[[Kategory:See]]