De Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 19:
Neidat Karel V as lânshear ôfstân die fan de troan en in jier letter as kening fan [[Spanje]], kamen de Lannen yn hannen fan syn soan [[Filips II fan Spanje]]. Hy wie gjin militêr krekt as syn heit, mar in burokratysk bestjoerder en leauwensfanatikus.
 
De opsplitsing fan de Nederlannen yn in noardlik en súdlik part stammet út de tiid fan de Spaanske oerhearsking. Filips II woe de wyls [[kalvinisme|kalvinistysk]] wurden Noardlike Nederlannen op 'e nij ta it [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Roomsk-katolisisme]] bekeare, wat ta in protte ferset liede. Dat ferset of [[de Nederlânske Opstân]] wurdt de [[Tachtichjierrige Oarloch]] neamd en rûn fan [[1568]] oant [[1648]], mei in [[Tolvejierrich Bestânbestân]] yn de jierren [[1609]] oant [[1621]]. By dizze opstân fûn de iensidige ûnôfhinkliksferklearring plak fan de Noardlike Nederlannen, troch de proklamaasje fan it [[Plakkaat van Verlatinghe]], dat yn [[De Haach]] ûndertekene waard op [[26 july]] [[1581]]. Aan dizze tastân kaam foarfêst in ein mei de [[Frede fan Münster]] fan [[1648]].
 
=== Noarden ===
Rigel 36:
Foarbylden fan stribjen nei feriening fan de Lege Lannen yn de 20e ieu binne it [[Algemeen-Nederlands Verbond]] en [[Zannekin]] en it [[Vlaams Nationaal Verbond|VNV]] fan [[Staf de Clercq]] en it [[Verdinaso]] fan [[Joris Van Severen]]. Dizze organisaasje woenen de steatkundige of tanimmende kulturele ferdieldheid opheffe. Op it stuit (2009) besteane fan dizze organisaasjes noch mar allinnich it "Algemeen Nederlands Verbond" en "Zannekin", dy't benammen op kultureel mêd aktyf binne.
 
Yn sekere sin wurde dizze sjoen as tariedingen foar de tastânkommen fan de [[Benelúks]]. Letter rekke dizze lykwols troch de fierdere ûntwikkeling fan de [[Jeropeeske Uny]] oerskade.
 
== Skiedskriuwers ==