Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
=== Untstean ===
De besikingen fan de hearsker fan de [[Nederlannen|Nederlânske gewesten]] [[Filips II fan Spanje|Filips II]] om it [[absolutisme]] te festigen en de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] as ienige godstsjinst ta litte te stean, late yn [[1568]] in wapene opstân ûnder leiding fan [[Willem fan Oranje]], de saneamde [[Tachtichjierrige Oarloch]]. Kearn fan it ferset wienen fan [[1572]] ôf Hollân en Seelân. Mei de [[pasifikaasje fan Gint]] (1576) krige de opstân in mear algemien karakter. De ienheid tusken de Nederlânske gewesten rûn lykwols skea op troch it ta stân kommen fan de [[Uny fan Utert]] en de [[Uny fan Atert]] yn [[1579]].
 
Yn [[1581]] swarren de feriene gewesten yn de Uny fan Utert Filips II ôf as lânhear dêr't de kym mei lein waard foar de skuorring fan de Nederlannen. Nei de ôfswarring waarden besikings dien om in [[Frankryk|Frânske]] prins, de hartoch fan Anjou as soeverein foarst oan te lûken, wylst yn Hollân en Seelân in protte Willem fan Oranje de soevereiniteit opdrage woenen. Nei de moard op Oranje yn [[1584]] waard earst noch stipe socht by keningin [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]] fan Ingelân, mar sûnt it fertrek fan har fertsjintwurdiger út de Nederlannen, [[Leicester]] (1587) wienen de gewesten feitlik in [[republyk]]. Tanksij de militêre súksessen fan [[Maurits fan Oranje|Maurits]] en [[Freark Hindrik fan Oranje Nassau|Freark Hinderik]], de soannen fan Willem fan Oranje, koe de Republyk har grûngebiet konsolidearre. By de [[Frede fan Munster]] (1648) erkende Spanje de ûnôfhinklikens fan Nederlân, dat fan dat stuit ôf ek formiel losmakke waard fan it Dútske Ryk.
Yn [[1581]]
 
=== Steatsrjocht ===
It oergesach yn de Republyk berêste by de [[Steaten-Generaal]], wylst de gewestlike steaten oer in grutte mjitte fan selsstannigens beskikten. Yn de Steaten-Generaal wie foar wichtige beslissingen ienstimmigen fereaske, itjinge faak ta hevige strideraasje liede, û.o. ûnder it [[Tolvejierrich bestân]], doe't [[Van Oldenbarnevelt]] terjochtstelle waard, en yn [[1650]] doe't prins [[Willem II fan Oranje|Willem II]] Amsterdam oermastere. De Republyk telde sân folweardige gewesten: Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân, Oerissel, Fryslân en Grinslân; dêrneist stie it 'lânskip', dat wol selsbestjoer hie, mar net yn de Steaten wie fertsjintwurdige. De gebieten yn it suden fan it lân, dy't earst letter befrijd wienen, waarden as de Generaliteitslannen troch de Steaten-Generaal bestjoerd. In semy-monargale posysje yn de Republyk naam it [[Hûs fan Oranje]] yn. De ôfstammelingen fan Willem fan Oranje, [[Maurits fan Oranje|Maurits]] (1585-1625), [[Freark Hindrik fan Oranje Nassau|Freark Hinderik]] (1625-1647), [[Willem II fan Oranje|Willem II]] (1647-1650) en [[Willem III fan Oranje|Willem III]] (1672-1702) ma , i beskikten.