Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk dien
No edit summary
Rigel 4:
== Skiednis ==
=== Untstean ===
[[Ofbyld:Willem of Orange by Adriaen Thomasz Key.jpg|thumb|left|120px|''Willem fan Oranje'']]
De besikingen fan de hearsker fan de [[Nederlannen|Nederlânske gewesten]] [[Filips II fan Spanje|Filips II]] om it [[absolutisme]] te festigen en de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] as ienige godstsjinst ta litte te stean, late yn [[1568]] in wapene opstân ûnder leiding fan [[Willem fan Oranje]], de saneamde [[Tachtichjierrige Oarloch]]. Kearn fan it ferset wienen fan [[1572]] ôf [[Hollân]] en [[Seelân]]. Mei de [[pasifikaasje fan Gint]] (1576) krige de opstân in mear algemien karakter. De ienheid tusken de Nederlânske gewesten rûn lykwols skea op troch it ta stân kommen fan de [[Uny fan Utert]] en de [[Uny fan Atert]] yn [[1579]].
 
Line 9 ⟶ 10:
 
=== Steedhâlders en steedhâlderlease tiidreken ===
[[Ofbyld:Johan de Witt - Caspar Netscher.jpg|thumb|leftright|120px|''Johan de Witt'']]
Under it tiidrek fan de Republyk bestie in skerpe tsjinstelling tusken de steedhâlders en de patrisyske (Hollânske) reginten (fan oarsprong grutkeaplju), dy't twa kear it stedhâlderskip (útsein yn Fryslân) wisten ôf te skaffen: yn 1650 nei de dea fan Willem II en yn 1702 nei de bernleaze dea fan Willem III. Oan it earste steedhâlderleaze tiidrek, dêr't de lieding oer de Republyk feitlik by [[Johan de Witt]] berêste, kaam in ein yn [[1672]], doe't sprake wie fan in needsituaasje. De Republyk waard dat jier fan alle kanten bedrige en ûnder drok hjirfan waard [[Willem III fan Oranje|Willem III]] ta steedhâlder ferheft. Willem III, dy yn [[1688]] teffens op de [[Feriene Keninkryk|Ingelske]] troan kaam, waard lieder fan in ynternasjonale koalysje fan lannen dy't de [[Frankryk|Frânske]] hegemony yn Jeropa bestride ([[Njoggenjierrige Oarloch]], [[Spaanske Suksessyoarloch]]).