Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ko:네덜란드 연방 공화국; tekstwiziging
Rigel 20:
Nederlân liet yn dat tiidrek ek in bloeiend geastlik libben sjen, mooglik makke troch de relative ferdraachsumens dy't hjir hearske, nettsjinsteande de befoarrjochte posysje fan de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke|Grifformearde Tsjerke]], wêryn sûnt de [[Synoade fan Dordrecht]] de ortodoksy triomfearre. Ek de keunsten (benammen de skilderkeunst) en wittenskip bloeiden.
 
De [[18e ieu]] joech op sawat alle gebieten in tanimmend ferfal te sjen. Wol koe Amsterdam, fanwege de grutte rykdommen dy't yn de foarrige ieu sammele wie, noch in grutte rol spylje as finansjeel sintrum fan de doetiidske wrâld.
 
=== De ein fan de Republyk ===
Yn de twadde helte fan de [[18e ieu]] krongen de ideeën fan de [[Ferljochting]] troch yn Nederlân, wat de polityk oanbelanget it ûntstean fan de [[Patriotten|Patriottenbeweging]]beweging ta gefolch hie. De Republyk waard ferskuord troch hevige partijtwisten, dêr't de patriotten hieltyd mear de winnende hân yn krije soene, oant yn [[1787]], in ynfal fan [[Pruisen|Pruisyske]] troepen, te help roppen troch prinses Wilhelmina (in suster fan de kening fan Pruisen), in restauraasje fan it steedhâlderlik gesach ta gefolch hie. Lykwols makke de ynfal fan de [[Frankryk|Frânsken]] yn [[1795]], in ein oan de Republyk (sjoch: de [[Frânske tiid]]).
 
== Yndieling ==
Rigel 36:
 
=== Steatsrjocht ===
It oergesach yn de Republyk berêste by de [[Steaten-Generaal]], wylst de gewestlike steaten oer in grutte mjitte fan selsstannigens beskikten. Yn de Steaten-Generaal wie foar wichtige beslissingen ienstimmigens fereaske, itjinge faak ta hevige strideraasje liede, û.o. ûnder it [[Tolvejierrich bestân]], doe't [[Van Oldenbarnevelt]] terjochtsteld waard, en yn [[1650]] doe't prins [[Willem II fan Oranje|Willem II]] Amsterdam oermastere. De Republyk telde sân folweardige gewesten: Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân, Oerissel, Fryslân en Grinslân; dêrneist stie it 'lânskip', dat wol selsbestjoer hie, mar net yn de Steaten wie fertsjintwurdige. De gebieten yn it suden fan it lân, dy't earst letter befrijd wienen, waarden as de Generaliteitslannen troch de Steaten-Generaal bestjoerd. In semi-monargale posysje yn de Republyk naam it [[Hûs fan Oranje]] yn. De ôfstammelingen fan Willem fan Oranje, [[Maurits fan Oranje|Maurits]] (1585-1625), [[Freark Hindrik fan Oranje Nassau|Freark Hinderik]] (1625-1647), [[Willem II fan Oranje|Willem II]] (1647-1650) en [[Willem III fan Oranje|Willem III]] (1672-1702) kombinearren it [[steedhâlder|steedhâlderskip]]skip fan de measte gewesten (wêrûnder hieltyd Hollân en Seelân) sûnt 1625 mei it oerbefel oer lân- en seemacht (kaptein en admiraal-generaalskip).
 
== Keppeling om utens ==
Rigel 60:
[[it:Repubblica delle Sette Province Unite]]
[[ja:ネーデルラント連邦共和国]]
[[ko:네덜란드 연방 공화국]]
[[la:Res Publica Coniunctarum Provinciarum]]
[[ms:Republik Belanda]]