Alfred Salten: ferskil tusken ferzjes

orkestlieder
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Alfred Salten''', ( Koningsbergen (Devau), 23 juny 1914 - 11 augustus 1994 ), wie in orkestlieder. Alfred Salten is de skûlnamme fan A. Salomon. Al op 5-jierrige ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 23 feb 2010 om 12.20

Alfred Salten, ( Koningsbergen (Devau), 23 juny 1914 - 11 augustus 1994 ), wie in orkestlieder. Alfred Salten is de skûlnamme fan A. Salomon.

Al op 5-jierrige leeftyd begûn er mei pianiolessen. Alfred studearre piano by Rudolf Winkler, harmony en komposysje by Conrad Ansorge en orkestdireksje by Hermann Scherchen. Yn 1932 waard hy Kapelmeister-élève by it Stadttheater Königsberg.

It nazi-bewâld mekke yn 1933 in ein oan syn karriêre. Hy flechte nei Nederlân. Op 19-jierrige leeftyd krige er in oanstelling as twadde dirigent by de Fritz Hirsch-Operette yn De Haach. Boppedat late hy as gastdirigent diverse konserten foar de KRO. Oan dit wurk kaam in ein troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch. Nei 1945 hat Alfred Salten dirigent west fan it Scala Theater Orkest yn De Haach en wie hy dêrnei as dirigint en komponist ferbûn oan de Filmmaatskippij Strengholt. Dêrnei wie hy muzikaal lieder fan de Haadstêdoperette en de Italjaanse Opera. Sûnt 1952 wie er benammen dwaande mei it dirigearen fan symfonyorkesten. Neist gastdireksjes by ferskate Nederlânske en bûtenlânske orkesten wie hy fan 1955-1969 dirigint fan it eardere Frysk Orkest yn Ljouwert. Fierders wie hy dosnint oan de konservatoria yn Grins, Ynskedee en Swol.

Wurk fan him is it Halbertsma-deklamatoarium fan Ype Poortinga (1958). Syn bekendste wurk, dat noch faak útfierd wurdt, is Musica per una festa foar orkest.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: