Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ko:네덜란드 연방 공화국; tekstwiziging
Rigel 36:
 
=== Steatsrjocht ===
It oergesach yn de Republyk berêste by de [[Steaten-Generaal]], wylst de gewestlike steaten oer in grutte mjitte fan selsstannigens beskikten. Yn de Steaten-Generaal wie foar wichtige beslissingen ienstimmigens fereaske, itjinge faak ta hevige strideraasje liede, û.o. ûnder it [[Tolvejierrich bestân]], doe't [[Johan fan Oldenbarnevelt|Van Oldenbarnevelt]] terjochtsteld waard, en yn [[1650]] doe't prins [[Willem II fan Oranje|Willem II]] Amsterdam oermastere. De Republyk telde sân folweardige gewesten: Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân, Oerissel, Fryslân en Grinslân; dêrneist stie it 'lânskip', dat wol selsbestjoer hie, mar net yn de Steaten wie fertsjintwurdige. De gebieten yn it suden fan it lân, dy't earst letter befrijd wienen, waarden as de Generaliteitslannen troch de Steaten-Generaal bestjoerd. In semi-monargale posysje yn de Republyk naam it [[Hûs fan Oranje]] yn. De ôfstammelingen fan Willem fan Oranje, [[Maurits fan Oranje|Maurits]] (1585-1625), [[Freark Hindrik fan Oranje Nassau|Freark Hinderik]] (1625-1647), [[Willem II fan Oranje|Willem II]] (1647-1650) en [[Willem III fan Oranje|Willem III]] (1672-1702) kombinearren it [[steedhâlder]]skip fan de measte gewesten (wêrûnder hieltyd Hollân en Seelân) sûnt 1625 mei it oerbefel oer lân- en seemacht (kaptein en admiraal-generaalskip).
 
== Keppeling om utens ==