Sint-Anne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
== Van Harenstsjerke ==
[[Ofbyld:Sint Annaparochie, Van Harenskerk.jpg|thumb|Van Harenstsjerke]]
[[Ofbyld:Sint Annaparochie, bronzen beeld van Rembrandt en Saskia.jpg|thumb|''Byld fan Rembrandt en Saskia'']]
Kenmerkend is it achthoekige tsjerkegebou - de [[Van Harenstsjerke]] - yn it midden fan it doarp, út [[1682]]. Op dit plak, yn it doetiidske tsjerkegebou, troude [[Rembrandt van Rijn]] yn [[1634]] mei [[Saakje fan Uylenburg]]. In brûnzen byld stiet hjir as oantinken.
Efter de tsjerke stiet de grêfkapel ([[1688]]) fan de famylje Van Haren.
DEDe koperen doarren nei de grêfkapel binne in geskink fan de [[Sweden|Sweedske]] kening, [[Gustaaf Adolf]].
De yn 1700 setten, ryk fersierde preekstoel fan houtsnijwurk komt út Dútslân. It oargel is yn 1727 boud troch de Dútser Johannes Radeker, fan Danzig, en wie learling en masterfeint fan ûnder oaren [[Arp Schnitger]] en [[Christiaan Muller]]. De lêste boude it oargel yn de Grutte of Jacobinertsjerke fan Ljouwert en it oargel yn de Haarlimse Grutte of St Bavotsjerke. It Radekeroargel is skonken troch Willem van Haren (dêr't it [[Museum Willem van Haren]] op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] nei ferneamd is) en frouwe Rixt van Andrea. Yn de foarrinder fan dizze tsjerke dy't op itselde stee stie, troude op [[22 juny]] [[1634]] de keunstskilder [[Rembrandt van Rijn]] mei [[Saskia Uylenburg|Saakje fan Uylenburg]]. As oantinken hjiroan stiet in brûnzen byld foar de tsjerke.