Woast lân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Woast lân''' wie fan de [[19e ieu]] oan [[1970]] de beneaming foar lân dat hja foar wyld lyten lizze en gjin direkt nut hie, lykas [[heide]], [[fean]] en [[sompe|sompen]]. It [[CBS]] beflapte ek de krekt droechfalle grûn dêrby. Hja moatte ek betinke dat se foar de lânbou oan út ein fan de 19e ieu ta (foar it gebrûk fan [[guano]] en de útfining fan [[keunstdong]]) wol fan grut nut wienen. Woast lân leverde struisel en [[seadde|seadden]] die hja mingen mei de stront fan bisten en op it lân brochten as grûnferbettering en dong. Dêrneist wiene dêr [[bijekast|bijekasten]], turf foar brânstof en hja lyten dêr de kei en de skiep weidzje. Foar 1900 wie dizze grûn mienskiplik. Yn de rin fan de 19e ieu wurdt it fan de gemeente.
 
It úntginnen fan woast lân ta [[produksjebosk]] en [[lânbougebiet]] wurdt as in wichtich doel sjoen oan’t ein fan de 19e ieu en it begin fan de 20e ieu en organisaasjes as [[Steatsboskbehear]] en de [[Heidemij]] pakke it flink oan. Tsjinwurdich wurdt it measte fan wat oer is fan woast lân as [[natuergebiet]] beskermme. It is meastentiids yn behear by Steatsboskbehear of [[Natuermonuminten]] of [[It Fryske Gea]].